Kirillov
Kirillov | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Vologda |
Sifers | |
Ynwennertal | 7.371 (2021) |
Oerflak | 12 km² |
Hichte | 120 m |
Oar | |
Stifting | 1397 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Koördinaten | 59° 52' N 38° 23' E |
Webside | Side Kirillov |
Kirillov (Russysk: Кириллов) is in lytste stêd yn it noardwesten fan Ruslân. It plak leit yn de oblast Vologda.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit likernôch 130 kilometer noardwestlik fan Vologda, de haadstêd fan it oblast, yn in marregebiet en oan it noardlike Dvinakanaal, dy't de rivieren de Wolga en de Noardlike Dvina meiïnoar ferbynt. Kirillov is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kirillov ûntstie as delsetting (sloboda) by it yn 1397 stifte otterdokse Kirillo-Belozerski-kleaster, dat oant yn de 17e iuw it belangrykste religieuze en kulturele sintrum fan it russyske noarden wie. Kirillov krige yn 1776 stedsrjochten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it Kirillo-Belozerski-kleaster binne der yn de omkriten fan de stêd noch in pear kleasters bewarre bleaun, lykas it 7 kilometer fierderop oan de kant fan de Sjeksna lizzende Goritsi-Opstanningskleaster út 1544 en it 20 kilometer fierder op lizzende Feranpontovkleaster út 1398.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling fan Kirillov fan 1897 oant 2018 | ||||||||||||
Jier | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2018 | ||
befolking | 4.306 | 4.276 | 5.280 | 6.055 | 6.285 | 7.320 | 8.817 | 8.229 | 7.728 | 7.482 |