Goritsi-Opstanningskleaster

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Goritsi-Opstanningskleaster
Goritsy Auferstehungskloster 01.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Yaroslavl Oblast.png Jaroslavl
plak Flag of Rostov (Yaroslavl oblast).png Rostov
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1544 (stifting en bou katedraal)
webside Side fan it kleaster

It Opstanningskleaster fan Goritsi (Russysk: Горицкий Воскресенский монастырь) is in otterdoks nonnenkleaster yn it doarp Goritsi (oblast Vologda) yn it noarden fan Ruslân. It leit oan de Sjeksna, seis kilometer fan Kirillov en it Kirillo-Belozerski-kleaster.

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard stifte yn 1544 troch prinses Eufrosine fan Staritsa, de widdo fan Andrej Ivanovitsj (1490-1533), de omke fan Ivan de Ferskriklike. Doe't Eufrosine yn Goritsi oankaam wiene dêr twa houten tsjerken: in Tsjerke fan de Opstanning fan Kristus en in Marije-Presintaasjetsjerke. Mei it yn 1544 ferfangen fan de Opstanningstsjerke troch in stiennen tsjerke mei in kapel foar de hillige Kyrill Belozerski lei hja de basis foar it kleaster.

Ferneamde nonnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eufrosine stipe in mislearre komplot tsjin regintesse Elena Glinskaja en waard sadwaande twongen om non te wurden en nei it kleaster stjoerd dat hja stifte, dêr't se ûnder hûsarrest bliuwe moast. Lang om let wist de riedsman fan Ivan de Ferskriklike te beävensearjen dat Eufrosine frij litten waard. Mar har jonge soan Vladimir (1533-1569), dy't doe mei har fêst siet, waard troch tsjinstanners fan de tsaar as in mooglike opfolger beskôge. Yn dy tiid wie de soan fan Ivan, Dmitri (1582-1591), noch net berne.

It kleaster yn 1910 (foto: Sergei Prokûdin-Gorski)

Ivan de Ferskriklike hie dêrom alle reden om op syn iepenst te wêzen foar syn muoike. Hy twong har foar it sekere dêrom op 'e nij it kleaster yn te gean. Ynearsten yn it Afanasjevski-kleaster yn Moskou en dêrnei yn it kleaster dat se earder sels stifte hie yn Goritsi. Hja mocht har riedsfroulju by har hâlde en ek waard it har tastien om it kleaster te ferlitten om nei oanbuorjende kleasters op beafeart te gean, mar op 20 oktober 1569 waard Eufrosine, noch yn itselde jier dat har soan fermoarde waard, tegearre mei har riedsfroulju en de nonnen dy't har selskip holden yn opdracht fan Ivan de Ferskriklike yn de Sjeksna fermoarde troch ferdrinking.

De yn 1544 boude katedraal fan it kleaster mei de letter oanboude klokketoer

Eufrosine waard letter hillich ferklearre troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn 2007 waarden yn it kleaster twa grêven fûn mei de lichems fan froulju. Guon tinke dat ien dêrfan de stiftster fan it kleaster west hat, ek al tinke skiedkundigen dat Eufrosine eartiids begroeven waard yn de Moskouse Michaelkatedraal.

Ek froulju fan Ivan de Ferskriklike kamen yn it kleaster fan Goritsi telâne. Yn 1575 liet Ivan de Ferskriklike syn fjirde frou, Anna Koltovskaja, finzen sette yn it kleaster. Hja krige de kleasternamme Daria en hat in diel fan har goed fyftich jier lange kleasterlibben yn Goritsi wenne. Ek Marija Fjodorovna Nagaja, de lêste frou fan Ivan de Ferskriklike, hat ûnder de namme Martha yn it kleaster wenne. Ta neitins fan har fermoarde soan Dmitri boude hja in kapel yn de Opstanningskatedraal. Yn 1606 stjoerde de Falske Dmitri I Ksenia Godûnova, dochter fan Boris Godûnov, nei it kleaster, dêr"t se de namme Olga droech.

It kleaster yn de 20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Restaurearre Trije-ienheidstsjerke

Nei de Oktoberrevolúsje waard fan it kleaster in lânbousintrum makke, dêr't de nonnen wurkje moasten. Yn 1932 waard it kleaster sletten en de nonnen ferspraat oer ferskillende doarpen. Yn 1937 waarden in soad nonnen oppakt en fermoarde, wêrûnder ek de 70 jier âlde oerste Zosima.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it kleaster in sintrum foar minsken mei in beheining. Letter waard der útein set mei in restauraasje, mar it woe net eine fanwegen tekoart oan jild. Yn de jierren 1990 waard it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt wennet der in lytse mienskip fan 10 oant 20 nonnen. Op 6 oktober 1999 krige it kleaster wer offisjele erkenning.

It kleaster wurdt besocht troch toeristen en pylgers, benammen yn de simmer as de rûtes oer it wetter iepen binne.

Yn maaie 2015 stoartte in diel fan de 16e-iuwske muorren yn.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster wurdt omfieme fan in stiennen muorre mei tuorkes op de hoeken. Op de lokaasje fan it kleaster steane trije stiennen tsjerken en ferskillende oare gebouwen. Yn de muorren binne de Foarbeatsjerke, de kleastersellen en oare tsjinstgebouwen yntegrearre. It kleaster hat trije tagongen, de belangrykste tagong, de Hillige Poarte, sjocht út op de Sjeksna.

Marije-Presintaasjetsjerke

De twa ferdjippings tellende Opstanningskatedraal waard yn 1544 boud troch Andrej Staritski's frou Eufrosine op it plak fan in âldere houten tsjerke. Yn 1611 liet de non Martha in klokketoer bouwe, dy't yn de 18e iuw ferboud waard.

Jehannes de Doperkapel

De Trije-ienheidstsjerke waard yn empirestyl op it plak fan in houten kapel yn 1821 oan de eastlike kant boud. Yn de Sovjet-tiid waard de tsjerke troch in kulturele ynstelling brûkt. Yn 2016 waard de tsjerke restaurearre en op 'e nij yn gebrûk nommen.

De Foarbeatsjerke waard yn 1832 boud. De tsjerke stiet oan de eastlike kant fan it kleaster en is mei oare gebouwen yn de muorre om it kleaster yntegrearre. Yn 2003 waard de tsjerke wer nei in restauraasje yn gebrûk nommen.

Bûten de kleastermuorren stiet oan de westlike kant de Marije-Presintaasjetsjerke. De tsjerke stamt út 1821 en bleau yn de Sovjet-tiid fan de tsjerken it langst iepen. Yn 1941 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. It gebou die dêrnei as garaazje tsjinst en om it gebou dêr geskikt foar te meitsjen moast der in grutte iepening yn de muorren makke wurde. Yn de jierren 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De lytse Jehannes de Doper-kapel oan it mar datearret út it begjin fan de 20e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Горицкий Воскресенский монастырь]