Noardlike Dvina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gearrin fan de Joeg (l.) en Soechona (boppe) ta de Noardlike Dvina
De 'Alde Brêge' oer de Dvina yn Argangelsk

De Noardlike Dvina (Russysk: Северная Двина, Severnaja Dvina) is in rivier yn it noarden fan Jeropeesk Ruslân mei in langte fan 1302 km (metten fan de boarne fan syn langste sydrivier ôf, de Soegona) en in streamgebiet fan 357.052 km².

De rivier kriget syn namme by it plak Veliki Oestjoeg yn it noardeasten fan it oblast Vologda: dêr komme de Soechona en de Joeg byelkoar. Fan dat punt ôf oan rint de rivier noch 744 km fierder en hjit er de Lytse Dvina.

By Kotlas, yn it súdeasten fan it oblast Argangelsk komt de Vytsjegda derby en ferdûbelt de mannichte wetter dy't de rivier ôffiert, no as Grutte Noardlike Dvina. De machtige rivier stroomt fan dêr ôf yn noardwestlike rjochting oant krekt foarby de havenstêd Archangelsk, dêr't er in delta foarmet en útmûnet yn de Wite See (Dvinabaai).

De Dvina mei sydrivieren (dêr't de Vytsjegda, de Vaga en de Pinega de grutste fan binne) wurde foar goed 70% troch reinwetter fuorre. De oblasten Archangelsk en Vologda (foar it grutste part), de helte fan de republyk Komy en in lyts part fan it oblast Kirov wetterje ôf oer de streamkrite fan de Dvina.

Veliki Oestjoeg, Kotlas en Argangelsk binne de wichtichste plakken oan de rivier. De hiele Noardlike Dvina is befarber, mar is wol de helte fan it jier beferzen.