Springe nei ynhâld

Keatsferiening De Iendracht (Hitsum)

Ut Wikipedy
Keatsferiening De Iendracht
Kaatsvereniging De Eendracht
algemiene ynformaasje
ôfkoarting KF De Iendracht
hist. namme Keatsferiening Nij Libben
nasjonaliteit Nederlân
type org. feriening
wurkmêd sport (keatsen)
fêstige yn Hitsum (Fryslân)
oprjochte 6 maaie 1904
tal leden ±100
offisjele webside
www.hitzum.com/.../kv-de-eendracht

Keatsferiening De Iendracht (Nederlânsk en offisjeel: Kaatsvereniging De Eendracht) is in pleatslike feriening op it mêd fan keatsen yn it Fryske doarp Hitsum. Dizze keatsferiening organisearret elts jier de Ald-Meiers Partij, in keatswedstryd foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier. De Iendracht is de grutste feriening fan Hitsum.

Al yn augustus 1800 waard der yn Hitsum in keatspartij om in sulverne bal holden, dat it doarp hat in lange keatstradysje.

Keatsferiening De Iendracht waard op 6 maaie 1904 oprjochte, doe noch ûnder de namme Keatsferiening Nij Libben (offisjeel: Kaatvereniging Nieuw Leven). Yn it oanbuorjende Frjentsjer bestiene doedestiden twa keatsferienings, dy't 'Jan Bogtstra' (oprj. 1893) en 'De Iendracht' (oprj. 1896) hieten. Nei't dy yn 1937 fúzjearre wiene en besleaten de namme Keatsferiening Jan Bogstra oan te hâlden, waard nei bemiddeling troch dhr. R. Alkema, de doetiidske útbater fan keatskafee De Bogt fen Guné, bewurkmastere dat it eardere De Iendracht syn findel oerdroech oan Nij Libben. Dat moast him doe sadwaande omneame ta Keatsferiening De Iendracht.

In keatsfjild wie der yn dy tiid noch net yn Hitsum; fan 1913 ôf waard foar it keatsen in greide fan in boer Dijkstra brûkt, dy't De Finne hiet. Pas yn 1962 kaam der in formeel sportfjild yn it doarp. Fan âlds wie de keatsferiening yn Hitsum ek ferantwurdlik foar it organisearjen fan it doarpsfeest mei de merke. Dat waard lykwols meitiid te bewurklik, en dêrom waard yn 1939 in feestkommisje ynsteld, dy't him neitiid ûntjoech ta de selsstannige en noch altyd besteande Feriening foar Folksfermaken Hitsum.

Yn 2000 slagge it Keatsferiening de Iendracht yn gearwurking mei âld-minister Pieter Winsemius (waans famylje woartels hat yn Hitsum) om in jierlikse keatswedstryd foar famkes yn 'e leeftyd fan 14 oant en mei 16 jier op te rjochtsjen. Dat wie de Ald-Meiers Partij, dy't sûnt elts jier holden is en him ûntjûn hat ta de froulike wjergader fan 'e bekende Freulepartij (foar jonges fan deselde jierren) yn Wommels.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: