Springe nei ynhâld

Kaukasusiikhoarntsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kaukasusiikhoarntsjes)
Kaukasusiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus)
soarte
Sciurus anomalus
Gmelin, 1778
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Kaukasusiikhoarntsje (wittenskiplike namme: Sciurus anomalus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae), de tûke fan 'e echte beamiikhoarntsjes (Sciurini), it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus) en it lyknammige, monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Kaukasusiikhoarntsjes (Tenes). Dizze soarte komt foar yn 'e Kaukasus en it Midden-Easten, dêr't er benammen yn boskgebieten libbet.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kaukasusiikhoarntsje is yn 'e Kaukasus lânseigen yn 'e noardlike helte fan Georgje, dielen fan Kaukazysk Ruslân, it noarden en westen fan Azerbeidzjan, en noardlik en sintraal Armeenje. Bûten de Kaukasus komt er ek foar yn dielen fan Iraan, Irak, Syrje, Libanon, Israel, Palestina, Jordaanje en Lyts-Aazje. Yn Jeropa libbet er inkeld op it Grykske eilân Lesbos en it Turkske eilân Imbros (Gökçeada), beide yn 'e Egeyske See. It Kaukasusiikhoarntsje is ien fan twa iikhoarntsjesoarten dy't foarkomme op Mediterrane eilannen. Syn ideäle natuerlike biotoop wurdt foarme troch leafwâld yn tuskenbeiden klimaatsônes en troch mingd wâld, al komt er ek wol foar yn nullewâld. Yn 'e bergen is er oantroffen oant op in hichte fan 2.000 m.

It Kaukasusiikhoarntsje sjocht del op fotografen.

It Kaukasusiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20-30 sm, mei in sturtlingte fan 13-17 sm en in gewicht fan 200 g oant 1 kg. De pels is griisbrún op 'e rêch en gielbrún op 'e bealch. Kaukasusiikhoarntsjes libje yn 'e beammen, dêr't se har nêsten bouwe. Se frette fral nuten, sieden, beamleaten en beamknoppen.

It Kaukasusiikhoarntsje waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1778, troch de soölooch Johann Friedrich Gmelin, al is it mooglik dat de namme Sciurus anomalus betocht is troch Johann Anton Güldenstadt. Dizze soarte hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er, benammen yn it Aziatyske diel fan Turkije, noch rûnom foarkomt. Yn 'e Levant liket dizze soarte lykwols efterút te buorkjen, en yn Israel wied er yn 1993 al hast útstoarn. De wichtichste bedrigings foar it Kaukasusiikhoarntsje komme fan 'e minske, en nimme de foarm oan fan streuperij en ûntbosking.

Der binne trije erkende ûndersoarten fan it Kaukasusiikhoarntsje:

  • Sciurus anomalus anomalus
  • Sciurus anomalus pallescens
  • Sciurus anomalus syriacus

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.