Kauaï
Kauaï | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Hawaï | |
haadplak | Līhu‘e | |
grutste plak | Kapa‘a | |
sifers | ||
ynwennertal | 67.000 (2010) | |
oerflak | 1.430,5 km² | |
befolkingstichtens | 46,8 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –10 | |
simmertiid | gjin simmertiid | |
offisjele webside | ||
www.kauai.gov |
Kauaï (Ingelsk: Kauai, útspr.: [kə'wai.i:], likernôch: "kuh-ûai-ii"; Hawaïaansk: Kaua‘i, útspr.: [kɐṷ'wɐʔi], likernôch "kuh-û-uh-y") is it op trije nei grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Kauaï hat as bynamme the Garden Isle ("it Túneilân"). Yn 'e mande mei it buoreilân Niïhau is Kauaï ien fan 'e beide meast noardwestlike bewenne eilannen fan Hawaï. De grutste stêd fan Kauaï is Kapa‘a, mar it bestjoerssintrum is Līhu‘e.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Hawaïaanske mytology is Kauaï ferneamd nei de leaflingssoan fan 'e legindaryske Polynezyske seefarder Hawai‘loa, dy't as earste minske de Hawaï-arsjipel ûntdutsen hawwe soe. In mooglike oersetting foar Kaua‘i út it Hawaïaansk soe "Plak om 'e Nekke" wêze kinne, wylst in oare mooglike fertaling "Jiertiid om te Iten" is.
De eilannen Kauaï en Niïhau stiene foarhinne bekend om harren ôfwikende dialekt fan 'e Hawaïaanske taal, dat tsjintwurdich lykwols inkeld noch op Niïhau sprutsen wurdt. Wylst yn 'e Polynezyske oertaal dêr't it Hawaïaansk him út ûntwikkele hie, de fokaal [t] foarkaam, wie dy klank yn it haaddialekt fan it Hawaïaansk ferskood nei de [k] (in lûd dat yn 'e measte oare Polynezyske talen ûntbrekt). It dialekt fan Kauaï en Niïhau hie lykwols de [t] beholden, sadat de eilânnamme fan Kauaï yn it oarspronklike dialekt útsprutsen waard as Taua‘i, wylst de wichtichste delsetting op it eilân, Kapa‘a, fan Tapa‘a hiet.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kauaï, dat in rûchwei rûnige foarm hat, beslacht in totaal oerflak fan 1.456,4 km², wêrfan't 1.430,5 km² út lân en 25,9 km² wetter bestiet. It is it op trije nei grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, nei it eilân Hawaï, Maui en Oähû. It tichtstbye gruttere buoreilân is Niïhau, dat 29 km súdwestlik fan Kauaï leit, oare kant it Kaulakahi-kanaal. It haadeilân Oähû leit fierder nei it súdeasten ta, oare kant fan it 116 km brede Kaʻieʻie Waho-kanaal. Krekt as de oare Hawaï-eilannen is Kauaï oarspronklik foarme troch fulkanyske aktiviteit. Mei in âldens fan likernôch 6 miljoen jier is Kauaï geologysk it âldste fan 'e acht grutte eilannen fan Hawaï.
It heechste punt op it eilân is de berch de Kawaikini, dy't 1.598 m boppe seenivo útstiket. De op ien nei heechste berch op Kauaï is de Wai‘ale‘ale, dy't mei in hichte fan 1.569 m yn 'e midden fan it eilân leit. Ien fan 'e wietste plakken fan 'e wrâld, mei in jierlikse delslachhoemannichte fan 11.700 mm, leit op 'e eastlike fang fan 'e Wai‘ale‘ale. Dy ûnbidige protte reinwetter hat yn 'e berch in grut tal ravinen útsliten mei skildereftige wetterfallen. Oan 'e westkant fan it eilân leit it doarp Waimea oan 'e mûning fan 'e rivier de Waimea, dy't fierder it lân yn de pittoreske Waimea Canyon foarme hat. De 914 m djippe Waimea Canyon, dy't yn it dernei ferneamde Steatspark Waimea Canyon leit, wurdt ek wol de "Grand Canyon fan 'e Stille Oseaan" neamd. De natoerskientme fan dat gebiet is ien fan 'e wichtichte toeristyske trekpleisters fan Kauaï.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kauaï waard lang regearre troch lânseigen ali‘i (haadlju), en dêrnei stie it eilân ûnder it bewâld fan eigen keningen, dy't ek oer Niïhau hearsken. Yn 1778 waard Kauaï mei de rest fan 'e Hawaï-eilannen ûntdutsen troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Yn 1795 ferovere Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, troch syn oerwinning yn 'e Slach by Nu‘uanu it eilân Oähû, wêrnei't er it Keninkryk Hawaï útrôp, in nij lân ûnder syn eigen hearskippij.
Kauaï en Niïhau bleaune dêr lykwols noch lang bûten, mei't Kaumuali‘i, de lêste kening fan Kauaï, de selsstannichheid fan syn keninkryk fyftjin jier lang wist te bewarjen. Twaris riste Kamehameha in ûnbidich grutte armada fan kano's út foar in ynfaazje fan Kauaï, en twaris rûn dat besykjen op 'e non, de iene kear troch in swiere stoarm en de oare kears trochdat der in epidemy ûnder syn krigers útbriek. Om't troch Kamehameha syn militêre oermacht de úteinlike ferovering fan 'e beide noardwestlike eilannen ûnûntkomber liek, besleat Kaumuali‘i yn 1810 lykwols om troch ûnderhannelings ta oerienstimming te kommen. Fan gefolgen waard er doe in fazal fan Kamehameha de Grutte.
Yn 1815-1817 besocht Kaumuali‘i om troch geheime ûnderhannelings mei de Russysk-Amerikaanske Kompanjy syn keninkryk mei útlânske militêre stipe wer fan it ryk fan Kamehameha los te weakjen. De Russen stiften yn dy snuorje ferskate bases op Kauaï, wêrûnder it Russysk Fort Elizabeth. Doe't lykwols oan it ljocht kaam dat de Russysk-Amerikaanske Kompany by dizze ûndernimming bûten it witten fan tsaar Aleksander I om hannele hie, rûn it hiele spul op 'e non en moasten de Russen Fort Elizabeth en al har oare besittings op Kauaï opjaan. Nei de dea fan Kamehameha de Grutte, yn 1819, liek der in nije kâns foar de ûnôfhinklikens fan Kauaï te kommen, oant keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha, kening Kaumuali‘i twong om mei har te trouwen. By de dea fan Kaumuali‘i, yn 1824, hold syn keninkryk sadwaande op te bestean en kamen Kauaï en Niïhau gewoan by de rest fan Keninkryk Hawaï te hearren.
Dêr hearde Kauaï ta oant yn 1893 de Hawaïaanske monargy ûnder fuotten helle waard troch de blanke plantaazjehâlders en keaplju, dy't dêrnei de Republyk Hawaï oprjochten. Fiif jier letter, yn 1998, waarden de eilannen anneksearre troch de Feriene Steaten. Fan 1906 oant 1934 waard it amt fan county clerk op Kauaï beklaaid troch John Mahi‘ai Kāneakua, dy't belutsen west hie by it krewearjen fan 'e lânseigen Hawaïaanske hegerein om 'e ôfsette keninginne Lili‘uokalani wer op 'e troan te krijen. Yn 1835 waard op Kauaï it earste sûkerfabryk iepene. It ferbouwen fan sûkerreid groeide yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw út ta de wichtichste ekonomyske sektor op it eilân, en behold dy posysje oant yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw. Pas fan 'e 1960-er jierren ôf kaam stadichoan it toerisme op as wichtige ynkomsteboarne.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne wie de lânbou lange tiid fierwei de wichtichste pylder fan 'e ekonomy fan Kauaï, yn 't bysûnder it ferbouwen fan sûkerreid. Tsjintwurdich is it measte lân dat dêr eartiids foar brûkt waard, yn gebrûk as weidlân foar fee. De iennichste oerbleaune sûkerreidplantaazje op it eilân, de Gay & Robinson Plantation, produsearret no inkeld noch sûkerreid-etanol. Behalven sûkerreid wurde op Kauaï ek kofje, mango's, bananen, papaja's, avokado's, kava en ananassen kweekt.
Folle wichtiger is tsjintwurdich lykwols it toerisme. Yn 2007 waard Kauaï besocht troch 1.271.000 fakânsjegongers, wêrûnder meast Amerikanen (84%) en Japanners (3%). Yn 2003 wiene der yn totaal 27.000 banen op Kauaï, wêrfan't 26% te finen wie yn 'e hotel/restaurant-sektor, folge troch de oerheid mei 15%; de detailhannel mei 14,5%; de lânbou mei 2,9%; en it ûnderwiis mei 0,7%. Ek yn 2003 lei de wurkleasheid op Kauaï op 3,9%, heger as yn 'e steat Hawaï (3,0%), mar leger as yn 'e hiele Feriene Steaten (5,7%).
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kauaï foarmet ien county, nammentlik Kauaï County, dy't it hiele eilân beslacht, mei Niïhau en de ûnbewenne eilantsjes Ka‘ula en Lehua deropta. It Amerikaanske Folkstellingsburo beskôget Kauaï foar statistyske doelen as in selsstannige ienheid, mar bestjoerlik is it dat net. It bestjoer fan Kauaï County hat syn sit yn Līhu‘e, op Kauaï.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folktelling fan 2010 hie Kauaï doe goed 67.000 ynwenners en in befolkingstichtens fan 46,8 minsken de km². It grutste plak op it eilân is Kapa‘a, mei 11.000 ynwenners, dat teffens it bestjoerssintrum is. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Kauaï 13,8% âlder as 65 jier en 26,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2003 10,5% fan 'e befolking op Kauaï ûnder de earmoedegrins libbe (it gemiddelde foar de hiele Feriene Steaten leit datoangeande op 10,7%).
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 36,0% Aziaten; 29,5% blanken; 9,1% etnyske Hawaïanen en oare Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 8,2% Latino's; 0,4% Yndianen; 0,3% swarten; en 16,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|