Springe nei ynhâld

Katedraal fan Senlis

Ut Wikipedy
Us-Leaffrou fan Senlis
Notre-Dame de Senlis
Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regio Opper-Frankryk
departemint Oise
plak Senlis
koördinaten49°12'N 2°35'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBeauvais
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
boujier1153-1191
boustylGotyk
monumintale statushistoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Katedraal fan Senlis (Frankryk)
Katedraal fan Senlis

De Us-Leaffrouwekatedraal (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame) is in parochytsjerke yn Senlis, Opper-Frankryk, Frankryk. De tsjerke wie oant de Frânske Revolúsje de katedraal fan it doetiidske bisdom Senlis.

De bou fan in earste katedraal fûn tsjin it ein fan 'e 4e of oan it begjin fan 'e 5e iuw plak. Om de katedraal hinne ûntstie in groep gebouwen lykas in kleastergong, in doopkapel en it biskoplik paleis. De gebouwen foar de koarhearen stiene noardlik fan 'e hjoeddeiske katedraal, argeologysk ûndersyk dêr brochten nammentlik de resten fan keukens fan foar de 12e iuw oan it ljocht.

Plattegrûn fan 'e katedraal (oarspronklike bou is donkerder kleurd).

Op it plak fan 'e foargongers waard op oantrunen fan biskop Pierre (1134-1151) yn 1153 útein set mei de bou fan 'e hjoeddeiske Us-Leaffrouwekatedraal. Om 't de biskoppen fan Senlis net it measte hiene om by te setten, soe de katedraal ien fan 'e lytsten fan it lân wurde. De bou begûn mei it eastlike en it westlike ein fan it gebou. Yn 1160 waard it sintrale portaal fan 'e westlike gevel al foltôge. Sân jier letter stiene it koer en de westlike gevel. Om 1180 hinne wie de katedraal op 'e transeptearms nei hast klear. De aartsbiskop fan Reims konsekrearre op 16 juny 1191 de katedraal.

Yn 'e 13e iuw folge in ferbouwing fan 'e katedraal. Om en de by 1240 waard de súdlike toer mei in spits ferhege. Tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw folge de bou fan 'e kapittelseal en om 1465 de bou fan 'e Bailly-kapel (Chapelle du Bailly), stifte troch de baljuw Gilles de Rouvroy, dy't dêr begroeven waard, lykas ek guon fan syn neiteam.

Westlik portaal: kroaning fan Marije.

Yn 1504 waard de katedraal troffen troch in troch de bliksem feroarsake brân. De brân ferneatige it dak en op it earste travee nei ek de ferwulften. Troch rynske jeften fan kening Loadewyk XII en Frâns I waarden de boppeste dielen fan 'e katedraal rekonstruearre en dêrnei mei 6 meter ferhege. De sydskippen waarden ferdûbele en krigen in rike flamboyante dekoraasje. De restauraasje duorre fan 1506 oant 1515.

De gevel fan it súdlike dwersskip waard yn 1520 tafoege. It portaal fan Martin Chambiges waard fierder boud troch syn soan Pierre. It waard yn 1538 foltôge, wylst it noardlike portaal fan 1560 is. De eastlike kapellen datearje fan 'e selde tiid.

De stifting fan 'e Kapel fan it Hillich Hert (Chapelle du Sacré-Cœur) op it fûnemint fan in Gallo-Romeinsk gebou fûn plak yn 1671.

It koer fan 'e katedraal krige yn 1777 noch foar de revolúsje in neoklassistyske ynrjochting, sa't dat no ek noch sa is. Mei de Frânske Revolúsje ferdwûn in soad fan 'e eartiids folle rikere ynrjochting. Ek waarden de koppen fan 'e westlike portaalbylden ferneatige. Healwei de 19e iuw binne de skeinde bylden ferfongen.

It konkordaat fan 15 juny 1801 makke in ein oan it bisdom Senlis. Sûnt falt Senlis ûnder it bisdom Noyon. De katedraal is ien fan 'e histoaryske monuminten dy't op 'e earste list fan 1840 kaam te stean. Healwei de 19e iuw waard de eastlike apsiskapel langer makke.

Yn 1986 waard de restauraasje fan it ynterieur foltôge en yn 1993 dy fan 'e spits.

De tsjerke bewarret in tsjeakbonke fan 'e earste biskop fan Senlis, Sint-Rieul. Rieul brocht yn 'e 3e iuw of 4e iuw it evangeelje nei Galje en in soad monuminten binne letter nei him ferneamd. Oer de reliken is it folgjende mirakelferhaal optekene. De earste kristlike kening fan it lân, Klovis, kaam by syn grêf te bidden en woe as oantinken wat fan 'e hillige meinimme. De biskoppen joegen permisje om in toske út 'e tsjeak te lûken, mar in wûnder barde en de tsjeak begûn dêrby te blieden. Klovis naam de tosk dochs mei, mar doe't de kening mei syn gefolch de stêd ferlitte woe, sletten de poarten harrensels, sadat de tosk werom brocht wurde moast.

De katedraal krige it oargel yn 1808, dat oarspronklik yn 1647 troch in ûnbekende oargelbouwer foar de Sint-Finsintiusabdij yn Senlis boud wie. Fan dat oarspronklike oargel binne dielen fan 'e oargelkas en it front bewarre bleaun. Yn 1760 boude François-Henri Clicquot in nij oargel foar de abdij, dy't mei de Frânske Revolúsje yn 1791 sletten waard. De oargelbouwer brûkte dêrby in diel fan it âlde materiaal.

It ynstrumint is ferskillende kearen restaurearre en feroare, û.o. yn 1874 troch de oargelbouwer Joseph Merklin en troch de oargelbouwer Roger Lambert yn 'e jierren 1971–1974. Tsjintwurdich hat it oargel 61 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Ofbylden ynterieur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.