Springe nei ynhâld

Senlis

Ut Wikipedy
Senlis
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintOise
Sifers
Ynwennertal15.157 (2023)[1]
Oerflak24.05 km²
Befolkingsticht.630,2 ynw./km²
Hichte47-140 m
Oar
TiidsôneUTC +1
Koördinaten49°12' N 2°35' E
Offisjele webside
www.ville-senlis.fr
Kaart
Senlis (Frankryk)
Senlis
Kaart

Senlis is in plak en gemeente yn it noarden fan Frankryk. Foar it lân hat Senlis in wichtige keunst- en kultuerhistoaryske bydrage levere.

Senlis leit oan 'e rivier de Nonette, likernôch 50 kilometer noardlik fan Parys. De haadstêd fan it departemint, Beauvais, leit ek sa'n 50 kilometer fan Senlis en 33 kilometer noardlik fan 'e stêd leit in oare wichtige stêd fan it departemint, Compiègne. Foar de weryndielings fan 2016 lei Senlis yn 'e histoaryske kultuerregio Pikardje.

Senlis yn 'e 17e iuw.

Yn 'e Romeinske tiid wie Senlis ûnder de namme Augustomagus de haadstêd fan 'e Civitas Silvanectum, ien fan 'e bestjoersdistrikten fan 'e provinsje Belgica Secunda. Silvanectes is de Latynske namme fan in Keltyske stamme út dy omkriten. Dy namme feroare yn 'e rin fan 'e tiid lang om let ta it hjoeddeiske Senlis.

Sûnt de kroaning fan Hugo Capet wie Senlis foar in skoft de keninklike residinsjestêd fan Frankryk. De stêd makke yn 'e 12e en 13e iuw syn grutste bloei mei.

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard Senlis op 2 september 1914 troch de Dútsers beset. Om't de Dútsers by it yngean fan 'e stêd besketten waarden, fusilearren de Dútsers doe seis minsken wêrûnder de boargemaster. Dêrnjonken waarden likernôch 110 hûzen oan 'e Rue de République en de Rue Bellon en it Palais de Justice yn 'e brân stutsen. It foarfal feroarsake in soad dalje en waard fakentiden brûkt yn 'e propaganda tsjin Dútslân. Op 10 septimber fan itselde jier waard de stêd troch de Frânsen werom ferovere.

Befolkingsûntwikkeling gemeente Senlis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier19621968197519821990199920082019
Ynwenners9.37111.16913.63914.51414.43916.32716.28515.187

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Cathédrale Notre Dame de Senlis (Us-Leaffrouwe fan Senlis)
  • Chapelle royale Saint-Frambourg (Keninklike kapel fan Sint-frambourg)
  • Ancienne église Saint Pierre (âlde Sint-Petrustsjerke; oant de Frânske Revolúsje de wichtichste parochytsjerke fan Senlis)
  • Prieuré Saint Maurice (Sint-Mauritiuspriorij)
  • de resten fan 'e fortifikaasjes om 'e binnenstêd
  • Ancienne abbaye Saint Vincent, 30 Rue de Meaux (Sint-Finsintiusabdij)
  • De resten fan it keninklik paleis mei it park
  • 1e-iuwske oerbliuwsels fan Augustomagus (arena) en de muorre út 'e 3e iuw.
  • Musée d’Art et d’Archéologie (keunst en archeology, ûnderbrocht yn it eardere biskoplike paleis)
  • Musée des Spahis (Militêr museum foar it koloniale kavaleryregimint)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: