Springe nei ynhâld

Katedraal fan Monreale

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Monreale
Duomo di Monreale
Lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Monreale
adres Piazza Guglielmo II
koördinaten 38° 4'N 13° 17'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1172-1267
boustyl Arabysk-Normandysk-Byzantynske arsjitektuer
Webside
www.duomomonreale.com
Kaart
Katedraal fan Monreale (Sisylje)
Katedraal fan Monreale

De Cattedrale di Santa Maria Nuova of de Duomo di Monreale is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Monreale op it Italjaanske eilân Sisylje. De oan 'e himelfeart fan Marije wijde katedraal is in basilyk. Ferneamd is de katedraal fanwegen de Byzantynske mozaiken en de kleastergong. Tegearre mei de Arabysk-Normandyske katedraal fan Palermo en de domtsjerke fan Cefalù waard de tsjerke yn 2015 oan it wrâlderfgoed fan UNESCO tafoege.

Mozayk fan kening Willem II, dy't de tsjerke oan Marije tawijd.

Neffens de leginde lei kening Willem II fan Sisylje efkes te bekommen fan it jeien ûnder in beam yn 'e bosken by Monreale, doe't dêr de Jongfaam Marije oan him ferskynde, dy't him frege dêr in tsjerke te bouwen. Nei't de beam kapt waard fûnen se yn 'e woartels in goudskat, dy't brûkt waard om de bou mei te beteljen.

It inisjatyf foar de bou wie lykwols mear in saak fan konkurrinsje mei de biskop Walter fan Palermo, dy't syn sinnen set hie op 'e bou fan in grutte katedraal yn Palermo. De bou fan 'e ynearsten as kleastertsjerke ûntwurpen katedraal fan Monreale fûn plak yn 'e jierren 1172-1176. Yn 'e katedraal waard de kroaning en it houlik fan Willem II fan Sisylje fierd. Ek tsjinne de katedraal as grêftsjerke foar de Normandyske hearskers fan Sisylje.

De katedraal represintearret op oertsjûgjende wize de Normandysk-Arabysk-Byzantynske boustyl, dy't yn dy tiid opgong makke op Sisylje. Normandysk (of Romaansk) is foaral it massive fan it bouwurk, Arabysk binne de bline bôgen en it ynliswurk yn 'e bûtenmuorren (benammen yn 'e apsiden) en de gouden mozaiken oan 'e binnenmuorren fan 'e katedraal binne Byzantynsk".

De katedraal is 102 meter lang, 40 meter breed en 35 meter heech. Oan wjerskanten fan 'e gevel steane twa wartuorren. De loftste toer waard nea foltôge en fan 'e rjochter toer waard de koepel yn 'e 16e iuw troch de bliksem ferneatige.

De gevel krige yn 'e 18e iuw in klassisistyske portikus, dy't it oarspronklike oansjen fan 'e gevel feroare. Boppe de portikus binne noch dielen fan de inoar krusende bline bôgen mei dekoratyf ynliswurk yn 'e Arabyske styl te sjen. It westlike portaal yn 'e gevel wie mei in grutte fan 7,8 meter by 3,7 meter eartiids it grutste portaal fan syn tiid. De brûnzen doarren waarden yn 1186 troch Bonannus fan Pisa makke en toane 42 Bibelske foarstellings.

Ek oan 'e noardlike kant waard in portikus tafoege, dy't de rjochthoekige romte tusken it transept en de ûnfoltôge klokketoer opfollet. De portikus waard yn 'e jierren 1542-1562 yn opdracht fan kardinaal Alessandro Farnese troch de bruorren Giovanni en Fazio Gaggini ûntwurpen. De brûnzen doarren fan it sydportaal dêr (4,23 by 2,15 meter) datearje út 1179 en binne makke troch Barisanus fan Trani.

Arabyske stylynfloed yn 'e apsis

De eastlike kant lit it bêste sjen hoe't de oarspronklike fersierings fan 'e katedraal west ha. Spitse bline bôgen kruse inoar en binne fersierd mei ynliswurk fan swarte, wite en giele stien.

Ynterieur.

It ynterieur wurdt troch twa rigen fan njoggen pylders mei Korintyske kapitelen yn trije skippen ferdield. It middenskip is twaris sa breed as de twa sydskippen.

De muorren binne fan ûnder beklaaid mei wite moarmer. Dêrboppe binne de muorren hielendal mei Byzantynske mozaïken bedutsen. Se binne fan 1179 oant 1182 troch lokale keunstners en keunstners út Konstantinopel oanbrocht en beslaan meiïnoar in oerflak fan 6.340 m². It houten plafond moast nei de brân fan 1811 foar in grut part fernijd wurde.

Yn 'e haadapsis wurde Kristus as Pantokrator ("Hearsker fan de Wrâld") en de yn 'e himel opnommen Mem fan God útbylde. De sân meter hege en trettjin meter brede Kristus nimt de hiele boppeseksje fan 'e apsis yn beslach. Yn 'e lofter hân hâldt Er de iepensleine Bibel fêst mei dêrop de Grykske en Latynske wurden út Jehannes 8:12: "Ik bin it Ljocht fan 'e wrâld. Wa't my neifolget sil wis nea yn it tsjuster wêze". Under Kristus is in troanende Marije mei oan wjerssiden aartsingels en apostels te sjen. De seksje dêrûnder telt fjirtjin hilligen. De súdlike apsis toant sênes út it libben fan Petrus en de noardlike apsis fan de apostel Paulus.

Op in gouden ûndergrûn byldzje de mozaïken fan it middenskip en de westlike muorre yn trije rigen foarstellings fan it Bibelboek Genesis út. De bopperige toant it skeppingsferhaal oant de ferballing út it paradys, wylst de ûnderste rige sênes út it libben fan 'e aartsfaders Noäch, Abraham, Izaäk en Jakob toant.

De mozaïken fan it koer en de dwersskippen fertelle oer it libben fan Jezus fan 'e ferkundiging oant de himelfeart en it útstoarten fan 'e Hillige Geast. Yn 'e sydskippen binne de wûnders fan Jezus ûnderbrocht.

Yn it súdlike transept steane de sarkofagen fan 'e kenings Willem I en Willem II; yn it noardlike transept dy fan Margareta fan Navarra (frou fan Willem I) en har soannen Rogier en Hindrik en ek de (lege) sarkofaach fan kening Loadewyk IX fan Frankryk.

De tsjerke hat in seismanualich oargel út 1957 fan Fratelli Ruffatti mei 109 registers, dat oan beide kanten fan 'e krusing ynboud waard. It ynstrumint heart ta de grutste oargels fan Itaalje.

Oan 'e súdlike kant is de yn 1569 oanboude kapel fan Sint-Benediktus, dy’t hjoed-de-dei as sakramintskapel tsjinnet.

Kleastergong mei fontein

Allinne de kleastergong tsjûget tsjintwurdich noch fan it eartiids by de katedraal hearrende Benediktynske kleaster. De kleastergong is 47 meter by 47 meter. De binnenhôf wurdt troch alle kanten omseame fan 26 spitsbôgige arkades dy't droegen wurde troch dûbele pylders. Guon pylders binne ienfâldich, wylst oaren bygelyks in fiskgraat- of in skroeffoarmige dekoraasje hawwe en wer oaren fersierd binne mei mozaïken. Ek de kapitelen hawwe in grut ferskaat oan fersierings. Yn in hoeke fan de kleastergong is in fontein ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Monreale