Katedraal fan Palermo

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katedraal fan Palermo

Cattedrale di Palermo

Cattedrale di Palermo. - panoramio.jpg
lokaasje
lân Flag of Italy.svg Itaalje
regio Flag of Sicily.svg Sisylje
plak Palermo
adres Corso Vittorio Emanuele
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1179-1185
oare ynformaasje
webside Side katedraal

De Cattedrale della Santa Vergine Maria Assunta (Katedraal fan Marije-Himelfeart) is in katedraal oan de Corso Vittorio Emanuele yn de Sisyljaanske haadstêd Palermo, Itaalje. Troch in lange skiednis fan útwreidings, feroarings en restauraasjes fertsjintwurdiget it hjoeddeiske gebou in grut tal boustilen. De lêste grutte feroarings fûnen plak yn de 19e iuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Relyk oan de pylder út de tiid fan de Arabyske ferovering fan Sisylje

De skiednis fan de katedraal giet werom op de 6e iuw, doe't yn de tiid fan paus Gregoarius I in katedraal op it plak boud waard. Nei de islamityske ferovering fan Sisylje yn de 9e iuw makken de Sarasenen in moskee fan it tsjerkegebou. By de "Grutte Moskee" hearde net allinne de de eardere katedraal, mar ek in madrassa, in bibleteek, in badhûs ensafuorthinne. Nei't Rogier I Palermo op de Arabieren werom ferovere, waard de moskee op'e nij de katedraal fan it aartsbisdom Palermo.

Detail fan de portikus yn Katalaansk let-goatyske styl

Doe't de âlde katedraal yn 1169 troch in ierdskodding slim skansearre waard, naam aartsbiskop Walter it beslút de rest fierder ôf te brekken en in nije katedraal te bouwen. Mei de sloop fan de âlde katedraal waarden ek de yn de tiid fan de islamityske ferovering tafoege bygebouwen ôfbrutsen. De nijbou fûn plak yn de jierren 1184-1185.

Yn de 14e oant de 16e iuw waard it gebou fierder fergrutte. De fjouwer hoektuorren, dy't earder net heger wiene as it middenskip, krigen in goatyske opbou. De westlike haadyngong ferhûze nei in plak yn de súdlike gevel en dêr waard ek romte makke foar in grut foarplein. It súdlike portaal krige om 1465 hinne in portikus fan Antonio Gambara yn de Katalaansk let-goatyske styl.

De Florânske arsjitekt Ferdinando Fuga feroare it oansjen fan de katedraal yn de jierren 1781-1801 troch in grutskalige ferbouwing. Fuga liet in klassisistyske koepel boppe de krusing sette en ferfong de daken fan de sydskippen troch in rige koepels, dêr't de bûtenmuorre fan it middenskip efter skûl giet. Ek it ynterieur ûndergyng in klassisistyske ferbouwing. De pylders tusken it middenskip en sydskippen, dy't hege spitsbôgen droegen, waarden troch massive pylders mei rûne bôgen ferfongen. Dêrnjonken waard ek it grutte retabel efter it alter ferwidere. Yn it retabel, in ier 16e-iuwsk keunstwurk fan de famylje Gagini, wiene 38 bylden fan hilligen ferwurke, dy't yn 1950 foar in part wer in plak yn de domtsjerke krigen en no oan de pylders steane opsteld.

De lêste grutte ferbouwing fûn plak doe't de âlde wartoer fan de westlike gevel in neogoatyske opbou krige.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Absis

Yn de kearn is de katedraal in normandyske wartsjerke yn de foarm fan in fjouwerkante bou mei in middenskip, in transept en twa legere sydskippen. Om't de foarm mei twa tuorren oan de westwurk allinne ornearre oan keningskatedraal foarbeholden wie, liet biskop Walter in grutte toer foar de westlike gevel delsette, dy't allinne mei spitsbôgen ferbûn is oan de katedraal. Op de fjouwer hoeken fan de tsjerke steane lytsere hoektuorren.

Portaal

Arabyske ynfloeden binne dúdlik by de trije apsiden werom te kennen. De inoar krusende bline rûnbôgen mei dekoraasjes fan oarskleurige stien hawwe in soad fan de tagelyk boude katedraal fan Monreale, mar binne lykwols stranger yn styl.

De grutte klassisistyske koepel fan Ferdinando Fugas behearsket it oansjen fan de katedraal. De rige lytse koepels boppe de sydskippen wurkje ferfrjemdzjend foar de normandysk-arabyske struktuer.

It súdlike portaal, tsjintwurdich de haadyngong, waard yn 1426 troch Antonio Gambara tafoege. De houten doarren mei fykwurk fan Francesco Miranda datearret út 1432. De letgoatyske portikus foar it portaal wurdt fan lytsere tuorkes flankearre. Yn it timpaan troant Kristus tusken Marije en de aartsingel Gabriel. Yn 1989 waard by it renovearjen in diel fan de oarspronklike portikus bleatlein, dêr't in filigrane foarstelling fan in libbensbeam ûntdutsen waard.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It ynterieur datearret fan de ferbouwing tsjin it ein fan de 18e iuw en fertsjintwurdiget in klassisistyske pylderbasilyk mei in grûnflak fan in latysk krús. Efter de hjoeddeiske pylders geane de âlde pylders skûl, dy't ea de bôgen tusken it haadskip en de sydskippen droegen. Oan de pylders steane hjoeddedei in tal bylden, dy't eartiids yn it retabel fan Gagini in plak hiene.

Relikenkapel

It besjen wurdich is in moarmeren Madonnabyld fan Francesco Laurana (1469), in bysûnder moarmeren wijwetterbekken fan Giuseppe Spadafora, dat eartiids oan Domenico Gagini taskreaun waard, en de Madonna della Scala fan Antonello Gagini (1503) op it alter yn de nije sakristy.

Rjochts njonken it presbyterium stiet de Rosalia-kapel. Yn in sulveren relikwarium út 1632 wurde dêr de reliken fan de beskermhillige fan Palermo bewarre.

Yn de krypte steane de sarkofagen fan de aartsbiskoppen fan Palermo. Foar in part binne it romeinske sarkofagen dy't op 'e nij brûkt binne.

Foar de alterromte leit oer de flier in meridiaan, dy't de astronoom Giuseppe Piazzi yn 1801 oanbringe liet.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn de jierren 1950 troch de oargelboufirma Tamburini boud. It hat 57 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk.

Keizer- en keningsgrêven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sarkofagen Freark II en Rogier II

Sûnt de 18e-iuwske ferbouwing steane de keningsgrêven yn in sydkapel efter it rjochter sydskip opsteld. Oarspronklik stiene se rjochts en lofts fan de haadapsis.

De sarkofagen foaroan stean elts ûnder in baldakyn dy't troch seis pylders droegen wurdt. De loftse sarkofaach is fan keizer Freark II († 1250) en de rjochter fan syn heit, keizer Hindrik VI († 1197). Dy twa sarkofagen hie Rogier II yn it transept fan de katedraal fan Cefalù sette litten en se wiene ynearsten ornearre foar him en syn opfolgers. Nei't Rogier II lykwols yn Palermo, en syn opfolgers Willem I en Willem II yn de katedraal fan Monreale byset waarden, naam keizer Freark II de sarkofagen mei nei Palermo foar himsels en syn heit. De sarkofaag fan Freark II is tige artistyk útfierd en wurdt droegen troch twa liuwen. Yn dy sarkofaach waarden njonken Freark II ek de kenings Freark III († 1338) en Petrus II († 1342) byset. Doe't yn 1782 de sarkofaach iepene waard, fûnen se it lichem fan Freark II yntakt.

Kroan fan Konstanse fan Sisylje

Yn de twadde rige steane twa sarkofagen ûnder mei mozaïeken fersierde baldakinen. Lofts it grêf fan Rogier II († 1154) en rjochts it grêf fan syn dochter Konstanse fan Sisylje († 1198), de frou fan Hindrik VI.

In in 3e- of 4e-iuwske romeinske sarkofaag oan de rjochter muorre leit it bonkerak fan Konstanse fan Aragón († 1222), de frou fan Freark II.

Skatkeamer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tagong ta de skatkeamer fan de katedraal is rjochts fan de Rosaliakapel. Yn de skatkeamer wurdt benammen liturgysk tekstyl útstald.

It pronkstik fan de samling is in kroan, dy't neffens it foarbyld fan de kroanen fan byzantynske keizers makke waard. Karakteristyk binne de hingers oan de kroan. De kroan waard troch keizer Freark II oan syn frau Konstanse fan Aragón mei yn it grêf jûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Palermo