Katedraal fan Monreale

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Domtsjerke fan Monreale

Duomo di Monreale

Monreale Cathedral exterior BW 2012-10-09 10-23-10.jpg
lokaasje
lân Flag of Italy.svg Itaalje
regio Flag of Sicily.svg Sisylje
plak Monreale
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1172-1267
boustyl Arabysk-Normandysk-Byzantynske arsjitektuer
oare ynformaasje
webside Side aartsbisdom

De Cattedrale di Santa Maria Nuova of de Duomo di Monreale is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Monreale op it Italjaanske eilân Sisylje. De oan de himelfeart fan Marije wijde katedraal is in basilyk. Ferneamd is de katedraal fanwegen de Byzantynske mozaiken en de kleastergong. Tegearre mei de Arabysk-Normandyske katedraal fan Palermo en de domtsjerke fan Cefalù waard de tsjerke yn 2015 oan it wrâlderfgoed fan UNESCO tafoege.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mozayk fan kening Willem II dy't de tsjerke oan Marije tawijd

Neffens de leginde lei kening Willem II fan Sisylje efkes te bekommen fan it jeien yn 'e bosken by Monreale doe't dêr de Jongfaam Marije oan him ferskynde, dy't him frege dêr in tsjerke te bouwen. Nei't de beam kapt waard fûnen se yn de woartels in goudskat, dy't brûkt waard om de bou mei te beteljen.

It inisjatyf foar de bou wie lykwols mear in saak fan konkurrinsje mei de biskop Walter fan Palermo, dy't syn sinnen set hie op de bou fan in grutte katedraal yn Palermo. De bou fan de ynearsten as kleastertsjerke ûntwurpen katedraal fan Monreale fûn plak yn de jierren 1172-1176. Yn de katedraal waard de kroaning en it houlik fierd fan Willem II fan Sisylje. Ek tsjinne de katedraal as grêftsjerke foar de Normandyske hearskers fan Sisylje.

De katedraal represintearret op oertsjûgjende wize de Normandysk-Arabysk-Byzantynske boustyl, dy't yn dy tiid opgong makke op Sisylje. Normandysk (of Romaansk) is foaral it massive fan it bouwurk, Arabysk binne de bline bôgen en it ynliswurk yn de bûtenmuorren (benammen yn de apsiden) en de gouden mozaiken oan de binnenmuorren fan de katedraal binne Byzantynsk.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arabyske stylynfloed fan de apsis

De katedraal is 102 meter lang, 40 meter breed en 35 meter heech. Oan wjerskanten fan de gevel steane twa wartuorren. De loftste toer waard nea foltôge en fan de rjochter toer waard de koepel yn de 16e iuw troch de bliksem ferneatige.

De gevel krige yn de 18e iuw in klassisistyske portikus, dy't it oarspronklike oansjen fan de gevel feroare. Boppe de portikus binne noch dielen fan de inoar krusende bline bôgen mei dekoratyf ynliswurk yn de Arabyske styl te sjen. It westlike portaal yn de gevel wie mei in grutte fan 7,8 meter by 3,7 meter eartiids it grutste portaal fan syn tiid. De brûnzen doarren waarden yn 1186 troch Bonannus fan Pisa makke en toane 42 Bibelske foarstellings.

Ek oan de noardlike kant waard in portikus tafoege, dy't de rjochthoekige romte tusken it transept en de ûnfoltôge klokketoer opfollet. De portikus waard yn de jierren 1542-1562 yn opdracht fan kardinaal Alessandro Farnese troch de bruorren Giovanni en Fazio Gaggini ûntwurpen. De brûnzen doarren fan it sydportaal dêr (4,23 by 2,15 meter) datearje út 1179 en binne makke troch Barisanus fan Trani.

De eastlike kant lit it bêste sjen hoe't de oarspronklike fersierings fan de katedraal west ha. Spitse bline bôgen kruse inoar en binne fersierd mei ynliswurk fan swarte, wite en giele stien.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It ynterieur wurdt troch twa rigen fan njoggen pylders mei Korintyske kapitelen yn trije skippen ferdield. It middenskip is twaris sa breed as de twa sydskippen.

De muorren binne fan ûnder beklaaid mei wite moarmer. Dêrboppe binne de muorren hielendal mei Byzantynske mozaiken bedutsen. Se binne fan 1179 oant 1182 troch lokale keunstners en keunstners út Konstantinopel oanbrocht en beslaan meiïnoar in oerflak fan 6.340 m². It houten plafond moast nei de brân fan 1811 foar in grut part fernijd wurde.

Apsiden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de haadapsis wurde Kristus as Pantokrator ("Hearsker fan de Wrâld") en de yn 'e himel opnommen Mem fan God útbylde. De sân meter hege en trettjin meter brede Kristus nimt de hiele boppeseksje fan de apsis yn beslach. Yn de lofter hân hâldt Er de iepensleine Bibel fêst mei dêrop de Grykske en Latynske wurden út Jehannes 8:12: "Ik bin it Ljocht fan 'e wrâld. Wa't my neifolget sil wis nea yn it tsjuster wêze". Under Kristus is in troanjende Marije mei oan wjerssiden aartsingels en apostels te sjen. De seksje dêrûnder telt fjirtjin hilligen.

De súdlike apsis toant sênes út it libben fan Petrus en de noardlike apsis fan de apostel Paulus.

Mozaiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in gouden ûndergrûn byldzje de mozaiken fan it middenskip en de westlike muorre yn trije rigen foarstellings fan it Bibelboek Genesis út. De bopperige toant it skeppingsferhaal oant de ferballing út it paradys, wylst de ûnderste rige sênes út it libben fan de aartsfaders Noäch, Abraham, Izaäk en Jakob toant.

De mozaiken fan it koer en de dwersskippen fertelle oer it libben fan Jezus fan de ferkundiging oant de himelfeart en it útstoarten fan de Hillige Geast. Yn de sydskippen binne de wûnders fan Jezus ûnderbrocht.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it súdlike transept steane de sarkofagen fan de kenings Willem I en Willem II; yn it noardlike transept dy fan Margareta fan Navarra (frou fan Willem I) en har soannen Rogier en Hindrik en ek de (lege) sarkofaach fan kening Loadewyk IX fan Frankryk.

De tsjerke hat in seismanualich oargel út 1957 fan Fratelli Ruffatti mei 109 registers, dat oan beide kanten fan de krusing ynboud waard. It ynstrumint heart ta de grutste oargels fan Itaalje.

Kapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de súdlike kant is de yn 1569 oanboude kapel fan Sint-Benediktus, dy’t hjoed-de-dei as sakramintskapel tsjinnet.

Kleastergong mei fontein

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allinne de kleastergong tsjûget tsjintwurdich noch fan it eartiids by de katedraal hearrende benediktynske kleaster. De kleastergong is 47 meter by 47 meter. De binnenhôf wurdt troch alle kanten omseame fan 26 spitsbôgige arkades dy't droegen wurde troch dûbele pylders. Guon pylders binne ienfâldich, wylst oaren bygelyks in fiskgraat- of skroeffoarmige dekoraasje hawwe en wer oaren fersierd binne mei mozaiken. Ek de kapitelen hawwe in grut ferskaat oan fersierings. Yn in hoeke fan de kleastergong is in fontein ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Monreale