Jouke Hoekstra

Ut Wikipedy

Jouke Hoekstra (Nijlân, 1948) is in Nederlânsk dirigint, muzykpedagooch en trompettist yn it HaFaBra-sjenre.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoekstra studearre oan it Keninklike Konservatoarium yn De Haach en oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins ûnder oaren trompet by Theo Laanen en Anne Bijlsma en orkestdireksje by Peet van Bruggen. Dêrnei wied er sa'n 12 jier trompettist by de Keninklike Militêre Kapel yn De Haach en spile er ek yn ferskate symfony-orkesten.

Hoekstra is dosint foar lytse koperynstruminten oan de Muzykskoalle Ritmyk yn Boalsert. Hy wie meioprjochter fan, en sûnt de oprjochting dirigint fan it Frysk Fanfare Orkest. Mei dat orkest hie er in soad sukses. Bygelyks de treflike prestaasje op it Wereld Muziek Concours] (WMC) yn Kerkrade yn 1989. Doe spilen hja ûnder oaren it symfonysk gedicht Ritual, op. 154 fan Hardy Mertens. Dat wurk wie in komposysje-opdracht fan it orkest. Ek de útfieringen yn 1993 en 2003 dien in soad fertuten op it WMC.

Hoekstra wie en is as dirigint ek aktyf yn it bûtenlân. Yn 1989 en ek yn 2005 en 2009 fersoarge er mei it Frysk Fanfare Orkest (FFO), útnûge troch de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (WASBE), in galakonsert ûnder de ynternasjonale konferinsje yn efterelkoar Manchester, Singapore en Cincinnati.

Hy set him ek yn foar fernijing fan de oarspronklike literatuer foar fanfareorkest en fanwegen Hoekstra kamen in protte nije komposysjes ta stân, û.a. fan Bernard van Beurden, Cornelis de Bondt, Alexander Comitas, Marc van Delft, Marco Pütz, Chiel Meijering, Lowell Dijkstra, Frans Vermeerssen, Hardy Mertens en Leon Vliex. Yn 1991 waard Jouke Hoekstra en it FFO de Sulveren Anjer (kultuerpriis fan de provinsje Fryslân) takend.

Neist it FFO is er sûnt 1976 as dirigint ferbûn oan de Kristelike Muzykferiening "Oranje", Minnertsgea en fan 7 novimber 2005 ôf oan de Kristelike Muzykferiening Harmony, Snits. In 1993 was hij ook dirigent van de Muzykferiening Eensgezindheid, Tjerkwert. Hy wurdt in protte frege as gastdirigint.

Yn desimber 2018 waard Jouke Hoekstra beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]