Springe nei ynhâld

Frysk Fanfare Orkest

Ut Wikipedy

It Frysk Fanfare Orkest bestiet út sa'n fyftich muzikanten út Fryslân. De muzikanten spylje neist it FFO yn ien of mear pleatslike ferienings. Doel is it promoatsjen fan âlde en nije orizjinele fanfaremuzyk. De feriening waard oprjochte yn 1983 yn Ljouwert mei Jouke Hoekstra as muzikaal lieder. Neist premiêres fan Nederlânske komponisten hawwe ek bûtenlânske komponisten wurken skreaun foar it orkest.

Yn binnen- en bûtenlân die it FFO mei oan meardere festivals en konserten. Meardere kearen waard it heechste resultaat foar fanfareorkesten op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade helle. In oantal kearen waard meidien oan de ynternasjonale WASBE-konferinsjes. It orkest wurdt ek faak frege foar radioprogramma’s om de orizjinele fanfaremyzyk te promoatsjen en hat yn 2010 in tweintichtal CD’s op syn namme stean.

Yn 1994 krige it Frysk Fanfare Orkest de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

JierLânPlak
1988flagge fan DútslânInternationales Musikfestival yn Rastede (Nedersaksen)
1989flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-IerlânKonferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (WASBE) yn Manchester
1993flagge fan DútslânGalakonsert by de Musikverein Haaren e.V. yn Haaren (Waldfeucht)
1997Konsertreis troch de Feriene Steaten
2002flagge fan EastenrykGalakonsert by it Mid-Europe-Festival foar blaasorkesten yn Schladming (Eastenryk)
2003flagge fan PortegalInternationale festival Sociedade Euterpe Alhandrense yn Alhandra
2004flagge fan EstlânEmajöe Suvi Festival yn Tartu (Estlân)
2005flagge fan SingaporeKonferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles yn Singapore
2008flagge fan PortegalKonsertreis Portugal mei optredens yn Tomar, Alhandra en Leiria fan 4 july oant 11 july 2008


Boarnen, noaten en/as referinsjes: