Lowell Dijkstra
Lowell Dijkstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 septimber 1952 | |
berteplak | Exeter, Kanada | |
wurkpaad | ||
berop/amt | komponist | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
offisjele webside | ||
Webside fan Lowell Dykstra |
Lowell Dykstra (Exeter, 14 septimber 1952) is in Nederlânske Komponist. Yn it Nederlânsk wurdt er somtiden Lowell Dijkstra neamd.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dykstra waard yn 1952 yn Exeter (Ontario, Kanada) berne. Doe't er sân jier emigrearre wie de húshâlding nei Nederlân. Hy studearre gitaar oan de Muziekpedagogische Akademie Leeuwarden en komposysje oan it Prins Claus Konservatoarium. Dykstra krige dêr les fan Willem Frederik Bon. Nei dy syn ferstjerren studearre er by Tristan Keuris oan it Utersk Konservatoarium. Yn 1990 studearre er dêr ôf.
Hy begûn syn karriêre as komponist fan koarmuzyk, keamermuzyk en wurken foar orkesten. Syn komposysjes binne útfierd troch ûnder oare it Noordhollands Philharmonisch Orkest, it Noard Nederlânsk Orkest, it Nederlânsk Balletorkest, it Nederlânsk Keamerkoar en ferskate koaren en keamermuzykensembles.