Springe nei ynhâld

John J. Crittenden III

Ut Wikipedy
John J. Crittenden III
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút John Jordan Crittenden III
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 juny 1854
berteplak Russellville (Kentucky)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18751876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang twadde luitenant (sûnt 1875)
konflikt(en) Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

John J. Crittenden III (folút: John Jordan Crittenden III; Russellville (Kentucky), 5 juny 1854 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Crittenden waard yn 1854 berne yn Russellville, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, as telch út in foaroansteande famylje yn Amerikaanske politike en militêre fermiddens. Syn âlden wiene generaal Thomas Leonidas Crittenden, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar it Noarden focht, en dy syn frou Catherine Todd. Hy wie de pakesizzer fan 'e Kentuckyske senator John J. Crittenden jr. en de oerpakesizzer fan 'e Firginiaanske politikus John J. Crittenden sr.

Yn 1873 liet Crittenden him mei njoggentjin jier ynskriuwe oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er lykwols nea ôfstudearre mar yn 1875 sûnder diploma fan skoalle gie. Foar ien út syn maatskiplik fermidden wie soks lykwols gjin behindering om in militêre karriêre te begjinnen. Crittenden frege gewoan presidint Ulysses S. Grant om in ofsiersoanstelling, en yn 'e hjerst fan 1875 waard er as twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 20e Ynfanteryrezjimint. Datselde jiers rekke Crittenden in each kwyt doe't in jachtgewear by fersin ôfgie yn syn gesicht; sadwaande moast er him in glêzen each oanmjitte litte.

Grutte Sû-Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, waard Crittenden tydlik detasjearre by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat mei in tekoart oan ofsieren kampte. Dêr waard er oansteld as ûnderbefelhawwer fan L Kompanjy, oer earste luitenant James Calhoun. Krapoan trije wiken nei Crittenden syn 22ste jierdei naam er ûnder de simmerkampanje fan 1876 op 25 juny diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana. L Kompanjy wie dêrby ien fan 'e fiif kompanjyen dy't ûnder befel fan Custer út it noarden wei in wraam diene op in grut Yndiaansk doarp oan de igge fan 'e rivier de Little Bighorn. Dy oanfal waard lykwols troch de folle machtiger Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ôfslein, wêrnei't Custer en syn fiif kompanjyen oan 'e lêste man ta útrûge waarden.

Argeologysk bewiismateriaal liket derop te tsjutten dat L Kompanjy fan Calhoun en Crittenden it earste legerûnderdiel wie dêr't dissipline it ôflei tsjin ynstinkt, en wêrfan't de soldaten begûnen út te naaien wylst se har bombidige gewearen fuortsmieten om flugger fuortkomme te kinnen. Dêrby waarden se efterfolge en op 'e flecht deade troch de Yndiaanske krigers. Hoewol't de oerlibbenen fan 'e oare kompanjyen letter op in heuveltop besingele en útrûge waarden yn in gefjocht dat Custer's Last Stand neamd wurdt, stoar Crittenden yn 'e eigen last stand fan L Kompanjy, op in ferhef dat neitiid Calhoun Hill neamd waard. Mei Calhoun en in restant fan harren mannen besocht er dêr in organisearre ferdigening op te setten, mar se waarden ûnder de foet rûn ear't se dêrta komme koene. Nei de fjildslach waarden de liken fan Crittenden en Calhoun mar in pear meter faninoar ôf oantroffen.

It stoflik omskot fan Crittenden, dat maklik te identifsearjen wie oan 'e hân fan syn glêzen each, waard nei de slach provisoarysk op it slachfjild begroeven. Yn 1877, doe't de liken fan 'e Amerikaanske deaden opdold waarden om mei fol seremonieel werbegroeven te wurden, waarden de stoflike omskotten fan 'e oare ofsieren nei it Easten fan it lân ta oerbrocht. Op spesifyk fersyk fan syn famylje waard Crittenden lykwols op Calhoun Hill werbegroeven middenmank syn manskippen. Yn 1931 waard er lykwols jitris opgroeven en byset op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, fuortby it slachfjild.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.