Springe nei ynhâld

Johannes Stoter

Ut Wikipedy

Johannes Stoter (Hoogeveen, 20 maart 1728 - Balk, 26 april 1771) wie in teolooch en predikant. Stoter stie fan 1752 oant 1771 as predikant yn Balk. Hy wie troud mei Petronella Schouten, hja hiene wierskynlik gjin bern.

Johannes Stoter waard 15 oktober 1752 as predikant befestige yn Balk. Hy kaam fan Westernieland yn it noarden fan Grinslân dêr't er as kandidaat waarnaam hie. Earst op 5 augustus 1753 kaam syn frou Petronella mei attestaasje oer út Amsterdam. Faaks wiene hja koart foartyd troud. Stoter koe wierskynlik goed preekje, want syn preken waarden útjûn. Yn 1762 liet er by Brouwer yn Frjentsjer in brosjuere printsje: God en Christus verheerlijkt in de ontferminge over de ellendige des volks (nochris útjûn yn 1840 troch O.L. Schüdkamp)[1]'. Stoter hat frijwat ynfloed hân yn de Súdwesthoeke fan Fryslân dy't ek nei syn dea noch lang trochgie.

Stoter wie in man dy't sei wat er tocht, hie faak skeel mei dizze en jinge, ferdigene selsmoard, wie in frouljushater, mar faaks waard er wol wurdearre troch in part fan syn gemeente, om't er oanbliuwe mocht.

Stoter stoar mei 44 jier en waard yn de tsjerke te Harich beïerdige. Syn frou gie 17 maart 1772 werom nei Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Stoter, Johannes.

  • Y.J. v.d. Lageweg, 525 jaar Protestantse gemeente Balk yn Ûnderweis, desimber 2007
  1. Welke geschriften van de oudvaders lazen de Afgescheidenen? / J. van der Haar, yn Documentatieblad Nadere Reformatie, 8 (1984), no. 2, s. 61-66.