Johannes Silvius
Appearance
Johannes Cornelisz. Silvius (1564 - 19 novimber 1638) wie in grifformeard predikant. Hy soe oanstellingen hân hawwe yn Terbant fan 1595 ôf, Tsjummearum, Furdgum, Balk (en Harich), Minnertsgea en fan 1604 oant 1610 yn Sloten (NH). As dûmny yn Weidum soe hy dronken, ûnearber en balstjurrich west hawwe.
Silvius wurke hast tritich jier yn Amsterdam en waard beskerme troch Jan Bicker. Troch dy syn frou Aaltsje fan Uylenburgh kaam hy yn de kunde mei de skilder Rembrandt van Rijn. Hy wie Saskia's tsjûge by har houlik en doopte harren twadde bern yn de Alde Tsjerke. Rembrandt makke yn 1646 in ets op him; Scriverius en Barlaeus in gedicht.