Johannes Lambertus Huber

Ut Wikipedy
Johannes Lambertus Huber, physionotrace fan Gilles-Louis Chrétien, Parys 1790

Johannes Lambertus Huber (Ljouwert, 8 augustus 1750 - Blessum, 30 juny 1826) wie in steatsman en patriot.

Huber studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan 'e Hegeskoalle fan Frjentsjer, mar makke dy stúdzje net ôf. Hy waard ûntfanger fan de konfoaien en lisinten yn Makkum (1769 -1780), letter ûntfanger fan de florenen en speesjen ym Menameradiel (1783-1787).

As patriot wie er befreone mei Court Lambertus fan Beyma, en die it sekretariaatswurk foar de eksersysjegenoatskippen (1785). Yn 1787 wykte hy út nei Saint-Omer. Stie ek yn Frânske tsjinst, mar kaam yn 1795 werom. Efkes stie er ek op de foargrûn, ûnder oare yn de Steaten-Generaal, mar waard al gau as federalist oan de kant skood.

Fan 1802 ôf wie Huber drost yn it njoggende drostamt (Baarderadiel, Hinnaarderadiel, Frjentsjer en Frjentsjerteradiel) fan Fryslân, fan 1806 oant 1810 allinne noch fan Menameradiel en Baarderadiel. Dêrneist wie er baljuw fan Menameradiel en Baarderadiel (fan 1807 ôf). Hy wie frederjochter fan Dronryp (1811-1812, 1813-1818) en de earste grytman fan It Bilt nei de Frânske tiid (1816-1826). Fan 1818 ôf wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huber wie in soan fan mr. Ulrich Herman Huber (1727-1767), ûntfanger-generaal fan de florenen, en Catharina Berghuijs (1721-1778).[1] Hy wie in broer fan Ulrich Jan Huber. Hy boaske oan Metje Tuinhout (1755-1802) en nei har ferstjerren mei Eliza Pratje (1765-1808), dy't de widdo fan Ayzo Boelardusz. van Boelens en mem fan Jan Hendrik van Boelens, bûtengewoan Keamerlid yn 1848.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat:

  1. Nederland's Patriciaat 47 (1961)