Johan Sippo van Harinxma thoe Slooten (1848-1904)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johan Sippo baron van Harinxma thoe Slooten, makke fan Johan Heinrich Neuman (1819–1898)

Johan Sippo baron van Harinxma thoe Slooten (Beetstersweach 16 febrewaris 1848 - De Haach, 4 april 1904) wie boargemaster fan Ljouwert en De Haach.

J.S. van Harinxma is de soan fan Maurits Pico Diderick en jonkfrou Clara Feyona van Eysinga. Yn 1868 begjint hy oan in stúdzje rjochten oan de Universiteit fan Leien. Nei syn promoasje wurdt hy abbekaat. Hy boasket op 8 july 1874 mei Anna Clara Electa Walburga barones Collot d'Escury.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jonge span fêstiget him yn Ljouwert, dêr't hy by it provinsjaal gerjochtshof fan Fryslân en de arrondissemintsrjochtbank abbekaat wurdt, jierren as rjochter-plakferfanger.

Se krije dêr trije bern, dy't allegear mei in Harinxma boaskje:

  • Mr. Maurits Johan Pico Diederik (28 Augustus 1875) boasket mei Clara Feyona van Harinxma, (Beetstersweach, 7 maaie 1874);
  • Maria, (4 novimber 1876) boasket mei Mr. Albertus van Harinxma (Beetstersweach, 4 maaie 1872);
  • Clara Feyona, (12 augustus 1878 - 1929) boasket mei Mr. Pieter Albert Vincent van Harinxma, sûnt 1911 kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Hy is bysetten yn it grêf fan de famylje Collot d'Escury yn Minnertsgea.

Ek it ûnderwiis lûkt him oan. Hy wurdt skoalopsjenner yn it arrondissemint Beetstersweach en lid fan de commissiën op it leger- en middelber ûnderwiis.

Yn 1879 wurdt hy troch de liberale kiesferiening kandidaat foar de gemeenteried yn Ljouwert steld en as lid fan de ried keazen. Hy wurdt jierren efterelkoar keazen oan de ein fan syn termyn.

Yn 1886 ferskynt in berjocht yn de Leeuwarder Courant dat learlingen fan it gymnasium en de Rykshegereboargerskoalle in keatsferiening oprjochte is mei de namme "Greate Hantsje" nei de ferneamde keatser Johannes Nijdam. Harinxma sit yn it bestjoer. Noch datselde jier wurdt de namme feroare yn Leeuwarder Kaatsvereeniging Greate Hantsje.

Yn 1892 wurdt Harinxma boargemaster fan Ljouwert as ferfanging fan Pieter Lycklama à Nijeholt, dy't boargemaster fan Rotterdam wurdt. Yn maart kundiget hy yn de Ried oan dat Ljouwert dat jier besocht wurde sil troch twa keninginnen: de 12-jierige keninginne Wilhelmina en har mem de keningin-regintesse Emma. De keninginnen bliuwe fiif dagen útfanhúzjen yn it keninklik paleis oan it Hofplein, dat kening Willem III yn 1880 oan it ryk ôfstien hat om as amtswente fan de kommissaris fan de kening(inne) te brûken.

Op 25 maaie 1898 wurdt hy beneamd as boargemaster fan De Haach.
Hy lit de Amsterdamske Veerkade mei har ferlinging, Stille Veerkade en de dêrop útkommende Paviljoensgracht dimpe. It stedsbestjoer wol sa fan de stonkerij en de syktes ôfkomme, mar boumaster C. H. Peters is der poer op tsjin. De Amsterdamse Veerkade is fan 1640. Dêr wei gie in pakskûtetsjinst nei Amsterdam en dit hie in soad wolfeart nei De Haach brocht.

Boargemaster Van Harinxma ferstjert yn 1904 yn De Haach en wurdt opfolge troch Emile Claude Sweerts de Landas Wyborgh.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: