Jeppemastate (Kollum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jeppemastate

Jeppemastate of Scheltingastate stie ten westen fan Kollum, yn de gemeente Kollumerlân. Fan de state dy't al bestie yn de earste helte fan de 16e iuw is neat werom te finen.

In eintsje westlik fan Tademastins stie eartiids Jeppemastate of Jeppema-huijs dat yn 1543 neamd wurdt en yn 1560 fermoedlik bewenne waard troch Aebe Jeppema, dy't alteast yn Kollum wenne en troud wie mei Sjuw fan Beijma. Reijdt Jeppema wie yn 1555 eigener fan dizze state of “heert opt west van Colmerbuyren”. Mooglik wie hy de heit fan Aebo Jeppema en de pake fan Reijdt Jeppema of Ipema dy't yn 1623 te Westergeast wenne. Dizze lêste ferkocht yn dat jier in sate dy't er erfd hie fan syn âlden en lei “ter Laen” oan Aett Gaetzedr., widdo fan Sjoerd an Boelens. Harren bern hienen it goed noch yn 1700.

Sa'n tachtich jier letter wie it stee fan de eardere Jeppemastate it eigendom fan Willem Livius fan Bouricius, dy't hjir in bûtenferbliuw stichte mei de namme Nijenburgh. Bouricius wie kaptein-ter-see by de Admiraliteit fan Fryslân en kommandant fan in kompanjy mariniers. Hy boaske Cecilia, suster fan grytman Martinus fan Scheltinga. Yn maart 1793 kaam hy om it libben by in brân oan board fan syn skip, de hulk “de Dwinger”, op de ree fan Flylân. Hjirby kamen 67 fan de 140 opfarrenden om it libben, wêrûnder Willem. Syn widdo bewenne de state oant ± 1840 doe't L.G.A. greve van Limburg Stirum en syn frou Cecilia Johanna fan Scheltinga harren bûten Feartsicht yn Aldwâld foar Nijenburg ferruilen. Cecilia erfde Nijenburg fan har muoike doe't dy yn 1848 yn Ljouwert ferstoar. Letter waard it bewenne troch Bonifacius Hendrik van der Haer en dêrnei troch mr. Bernhardus Hopperus Buma (sjoch ek Buma (laach)) dy't boargemaster fan Kollumerlân wie. Yn it neijier fan 1875 waard it hûs op ôfbraak ferkocht en sloopt. De singels en it park waarden rûge en slochte.

Bewenners
  • 1543 Aebe Jeppema
  • 1555 Reijdt Jeppema
  • Aebo Jeppema
  • oant 1623 Reijdt Jeppema of Ipema
  • sûnt 1623 Aett Gaetzedr., widdo fan Sjoerd fan Boelens
  • 1700 harren bern
  • 1780 – 1793 Willem Livius fan Bouricius
  • 1793 – 1848 Cecilia Johanna fan Bouricius-van Scheltinga
  • sûnt 1848 L.G.A. greve van Limburg Stirum en Cecilia Johanna van Scheltinga
  • Bonifacius Hendrik van der Haer
  • mr. Bernardus Hopperus Buma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp dl. III, ± 1960
  • Oer Nijenburgh
  • Webstee Hisgis