Tademastins
De Tademastins stie oan de Van Limburg Stirumwei 25, bewesten Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.
De stins wurdt foar it earst neamd yn 1511 mar sil grif âlder wêze. De stins wurdt oan it begjin fan de 16e iuw bewenne troch Buwe Tadema. Hy wurdt neamd yn 1511 en 1529 [1] , syn erfgenamten yn 1543. Ien fan dy erfgenamten wie Kempo fan Tadema dy't mei Wyts fan Foppinga út Dronryp boaske; in suster fan Bouwe troude yn op Bama yn Kollum. Kempo hie ek yn Kollum sels tunen en hússteden. Yn 1562 fertsjintwurdige hy mei Scipio fan Meckema it doarp Kollum by it protest tsjin it beteljen fan tol op de Scholbalg. Yn maaie 1574 kaam hy noch foar as folmacht fan Eastergoa, mar twa jier letter waard syn frou as widdo fermelden.
- Bewenners
- oant ± 1543 Buwe Tadema
- om 1562 Kempo fan Tadema
- om 1585 Offcke Tadema
- om 1622 Kempo fan Tadema
- nei 1622 Dodonea fan Tadema, troud mei Pibo fan Doma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat
|