Springe nei ynhâld

Jens Munk

Ut Wikipedy

Jens Munk (Barbu, by de gemeente Arendal (Noarwegen), 3 juny of july 1579 - Kopenhagen, 28 juny 1628) wie in Noarsk-Deensk seefarder en marineofsier, bekend fan syn ûntdekkingsreis nei de Strjitte Hudson, yn tsjinst fan kening Kristiaan IV fan Denemark, yn it ramt fan it sykjen nei de Noardwestpassaazje nei Yndia[1].

Kaart tekene troch Jens Munk yn 1624 fan it gebiet tusken Kaap Farwol yn Grienlân en de Hudsonbaai yn Kanada, út it noarden wei sjoen

Munk wie in basterdsoan fan Erik Munk (stoarn 1594), dy't himsels te koart die yn de finzenis doe't Jens noch in jonge wie. Hy wie fan 1591 ôf op see, en besocht ûnder mear Portegal en Brazilië mei in NederLânsk konvoai. Yn 1603 hie er safolle jild byïnoar dat er in eigen skip keapje koe.

Yn 1609 gie Munk fanwege Kristiaan IV fan Denemarken op syk nei de Noardeastlike Trochfeart. Hy kaam lykwols net fierder as Kolgoejev. Yn 1610 besocht er it nochris mar kaam doe yn it iis yn de Karasee fêst te sitten. Yn de jierren dêrnei, wilens befoardere ta de rang fan kaptein, fjochte er fan 1611 oant 1613 yn de Kalmaroarloch, en yn 1615 slagge it him en meitsje de wreedferneamde piraat Jan Mendoza syn finzene by de noardkust fan Ruslân. Y de maitiid fan 1617 rekrutearre er achtjin Baskyske walfiskjagers foar de earste Deenke walfiskekspedysje nei Spitsbergen.

Yn 1619 waard Munk útstjoerd om de Noardwestlijke Trochfeart te sykjen. Hy krige it befel oer twa skippen, it lytse fregat de Enhiorningen en de grutte sloep Lamprenen, mei meiïoar 64 man. Hy sylde om Kaap Farwol (de súdpunt fan Grienlân) hinne en besocht earst de Frobisherbaai, dêr't er fan tocht dat it de Strjitte Hudson wie. Letter ferspile er noch wat tiid yn Ungavabaai troch iisgong en navigaasjeproblemen, mei fan gefolch dat er earst op 27 augustus Hudsonbaai berikte. Hy stiek de baai yn súdwestlike rjochting oer, en berikte de westkust, dy't er 'Nij Denemark' neamde. Yn 'Munk Vinterhavn', oan de mûning fan de Churchill, tichteby it hjoeddeiske Churchill, waard er twong om te oerwinterjen. De manlju hiene honger en bot lêst fan de kjeld, en fral skuorbot easke sines. Yn juny 1620 wiene noch mar 3 man oer, ek Munk (dy't ferwachte hie dat er ek stjerre soe en syn testamint al opmakke hie). Mei dy pear man slagge it him dochs noch om mei it lytste skip, Lamprenen, nei Jeropa werom te gean en yn septimber kaam er oan yn Bergen, dêr't er in skoft fêst holden waard. Hy krige noch opdracht in twadde ekspedysje 'te organisearjen om de Enhiorningen werom te bringen, mar dat kaam der nea fan.

Munk bleau tsjinjen by de keninklike-deenske float yn de noardlike seeën. Hy stoar yn 1628 oan ferwûnings yn in seeslach mei de rang fan admiraal.

Jens Munk-eilân, foar de kust fan Baffineilân, is nei him ferneamd lykas ek Munk Harbour oan de útmûning fan de rivier de Churchill yn de Hudsonbaai. Teffens waard de roas Hybrid Rugosa Rose Jens Munk nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Raymond John Howgego: Encyclopedia of Exploration to 1800 (2003)
  • M.A. Macpherson: Silk, Spices and Glory: In Search of the Northwest Passage (2001)
  • Richard Sale: Polar Reaches: The History of Arctic and Antarctic Exploration (2002)

Noaten


  1. Jens Munk - Scandinavia's First Great Polar Explorer University Library of Tromsø

Keppelings om utens