Springe nei ynhâld

Baffinlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baffineilân)
De lizzing fan Baffinlân yn Kanada.

Baffinlân of Baffin Eilân (Ingelsk: Baffin Island; Frânsk: Île de Baffin of Terre de Baffin; Inûktitût: ᕿᑭᖅᑖᓗᒃ, Qikiqtaaluk) is it grutste eilân fan Kanada en it op fjouwer nei grutste eilân fan 'e wrâld, mei in oerflak fan 507.451 km². It is ferneamd nei de Ingelske ûntdekkingsreizger William Baffin en heart bestjoerlik ta it Kanadeeske territoarium Nûnavût. Neffens gegevens út 2007 hie Baffinlân doe 11.000 ynwenners, wat in befolkingstichtens opsmyt fan 0,02 minsken de km². De Inûyt foarmje mei 72,7% de grutste befolkingsgroep, folge troch de blanken mei 25,3%. It grutste plak is Iqaluit (foarhinne Frobisher Bay), de haadstêd fan Nûnavût, mei krapoan 6.200 ynwenners, dy't op it westlike diel fan it eilân leit. Fynsten (fan û.m. slypstiennen) dien by archeologyske opgravings yn 2008 wize derop dat Baffinlân skoan it Helluland fan 'e Wytsingen wêze kinne soe, dêr't de ekspedysje fan Leif Eriksson om it jier 1001 hinne foar it earst yn Noard-Amearika oan lân gie.

De noardeastkust fan Baffinlân.

Baffinlân leit yn 'e Noardlike Iissee en wurdt oan 'e eastkant begrinzge troch de Labradorsee, in noardlike útrinner fan 'e Atlantyske Oseaan. De Labradorsee wurdt troch de Davisstrjitte ferbûn mei de grutte Baffinbaai, yn it noardeasten, dy't it eilân skiedt fan Grienlân. Yn it suden foarmet de folle smellere Hudsonstrjitte de skieding mei Kebek. It Foxebekken is de namme fan it wetter dat tsjin it holle, súdwestlike diel fan it rûchwei healmoannefoarmige eilân oan leit. Baffinlân wurdt yn it westen troch de Golf fan Boothia skaat fan it Melville-skiereilân, en yn it noardwesten en noarden fan 'e eilannen Somerset en Devon troch de See-ingte fan Lancaster. Oan 'e noardeastkant fan it eilân rizet it Baffinberchtme op, mei as heechste punt de Mount Odin, fan 2.147 m. In oare berch dêrsanne, de Mount Thor (1.675 m) is de steilste berch fan 'e wrâld. De Mount Asgard (2.015 m) is bekender as de beide oaren. Yn it binnenlân fan it eilân lizze twa grutte marren, de Nettillingmar (5.542 km²) en de Amadjuakmar (3.115 km²). Teffens is dêr it Barnes Iisfjild sitewearre, dat sûnt de 1960-er jierren krimpende is. Baffinlân, dat foar it grutste part yn 'e poalsirkel leit, hat in tige kâld klimaat, mei in trochsneed jiertemperatuer fan –9,5 °C.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.