Jehannes de Dopertsjerke (Huizinge)
Jehannes de Dopertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Iemsdelta | |
plak | Huizinge | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 40' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 29897 | |
Webside | ||
PKN Huizinge | ||
Kaart | ||
De Jehannes de Dopertsjerk yn it Grinslânske doarp Huizinge is in romanogoatyske tsjerke út de 13e iuw. U.o. troch de rûne apsis, dy't ferdield wurdt troch lisenen mei in rûnbôgefries en rûne nissen oan 'e boppekant en spitsbôgige finsters mei in kraalprofyl dêrûnder, makket fan 'e tsjerke ien fan de moaiste foarbylden fan 'e Grinslânske romanogotyk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard om 1250 hinne boud, wylst de toer út de 14e iuw datearret. Oant 1848 hie de toer in sealtek, dy't doe ferfongen is troch in lantearne, lyk as by de Marijetsjerke fan Uthuzermieden, mar de ôfwurking wie net goed en om't ynkringend reinwetter de balken oantaaste is de lantearne 20 jier letter ferfongen troch it hjoeddeiske piramidedak. De finsters fan 'e súdlike muorre fan it skip binne yn 'e 15e iuw ferfongen troch goatyske finsters.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel fan 'e tsjerke waard yn 1808 makke en it fykwurk op de kûp byldzje deugden út. It hegere koer wurdt fan in houten stek fan 'e tsjerke skieden, dat yn 1641 skonken waard troch de doetiidske bewenners fan 'e boarch Fraam.
De tsjerke hat in stiennen ribferwulft, weryn noch ferskillende skilderings bewarre bleaun binne. Njonken florale motiven is der in foarstelling fan it Jongste Gerjocht. Kristus oardielet oer de sielen, dy't troch Michael wogen wurde. Rjochts fan Kristus binne de sielen dy't nei de himel geane, lofts is de hel yn 'e foarm fan in grutte bek fan in meunster, dêr't ek in preester yn ferdwynt. In oar ôfbyld yn it ferwulft fan it koer is de ienhoarn, it symboal fan 'e Jongfaam Marije. Fan 'e tolve wijingskrusen oan 'e muorren binne der sân bewarre bleaun.
Ek út 'e tiid foar de reformaasje datearret it sakramintshûs yn it koer. Yn it koer lizze trije sarken. De hiele grutte sark is ta neitins oan Wilhelm Coenders van Helpen, in bewenner fan Fraam. De twa lytsere sarken binne sarken fan preesters. Yn 'e toer hingje twa klokken, wêrfan't de âldste yn 1452 waard getten. It mechanyske oerwurk datearret fan 1663.
De banken foar it tsjerkefolk binne 17e-iuwsk, mar yn 'e rin fan de tiid binne se restaurrearre.
Yn 'e tsjerke hinget in searje skilderijen fan Michael Reynolds (1933-2008) oer de blide mystearjes fan Marije. Oan 'e súdlike muorre hingje ek twa wurken fan 'e skilder.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel yn 'e tsjerke datearret fan 1825 en waard troch Luitjen Jacob van Dam en Jacob van Dam út Ljouwert boud. Mense Ruiter restaurearre it oargel yn 1999. It ynstrumint hat 14 registers, ferdield oer haadwurk en boppewurk. It pedaal is oanhongen.
Yn 2014 kocht de gemeente in koeroargel fan Van Vulpen út 1956 aangeschaft oan, dat troch Sicco Steendam yn de tsjerke fan Huizinge waard.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sakramintshûs. -
Kânsel
-
17e-iuwsk koerhek
-
Van Dam-oargel
-
Koeroargel
-
Underdiel fan it Lêste Oardiel
-
Blide mystearjes fan Marije
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|