Jean-François Le Gonidec
Jean-François Le Gonidec | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jean-François Marie Le Gonidec de Kerdaniel | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 4 septimber 1775 | |
berteplak | Le Conquet (Bretanje) | |
stoarn | 12 oktober 1838 | |
stjerplak | Parys | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | taalkundige | |
aktyf as | wurdboekskriuwer, oersetter | |
jierren aktyf | ±1800 – 1838 | |
bekendste wurk(en) |
Grammaire celto-bretonne Dictionaire français-breton |
Jean-François Le Gonidec (Bretonsk: Yann-Frañsez ar Gonideg; folút: Jean-François Marie Le Gonidec de Kerdaniel; Le Conquet, 4 septimber 1775 – Parys, 12 oktober 1838) wie in Frânsk ealman, taalkundige en publisist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy naam it foartou by it gearstallen fan 'e earste standerdisearre stavering fan 'e Bretonske taal, lei de grammatika fan syn memmetaal fêst en wie de oersetter fan 'e earste Bretonsk fertaling fan it Nije Testamint. Dêrmei lei Le Gonidec ûnútwiskber syn stimpel op it moderne gebrûk fan it Bretonsk. Hy wurdt sadwaande ek wol Reizher ar Brezhoneg neamd, wat safolle betsjut as "dy't it Bretonsk wer yn 'e âlde steat werombrocht hat".
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Le Gonidec waard yn 1775 berne yn Le Conquet, yn wat no it Frânske departemint Finistère is, oan 'e útein fan it skiereilân Bretanje, as telch fan in famylje fan lege adel. Hy studearre fan 1787 oant 1791 oan it kolleezje fan Tréguier. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 naam Le Gonidec yn 1792 diel oan in royalistyske en roomske, mar yn bloed smoarde opstân yn Bretanje, dy't bekend kaam te stean as de Chouannerie.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1804 joech Le Gonidec him ûnder it bewâld fan Napoleon by de marine, dêr't er as houtfêster tsjinne mei tafersjoch oer de wâlden dy't bedoeld wiene om hout te leverjen foar de bou fan marineskippen. Fan gefolgen húsmanne er yn ferskate plakken: Parys, Hamburch, Nancy en Moulins, foar't er him op 't langelêst nei wenjen sette yn Angoulême, dêr't er jierrenlang bleau.
Yn syn frije tiid hold Le Gonidec him dwaande mei it gearstallen fan in standerdisearre stavering foar syn memmetaal, it Bretonsk, en mei de beskriuwing fan 'e Bretonske grammatika. Yn 1807 publisearre er de Grammaire celto-bretonne ("Keltysk-Bretonske Grammatika"), dêr't er it syntaktysk stelsel fan 'e taal yn besocht fêst te lizzen. Dat boek wie foar wat it Bretonsk oanbelange noch mar it twadde wurk fan syn soarte, nei de grammatika dy't yn 1657 skreaun wie troch pastoar Julien Maunoir. Yn syn wurk toande Le Gonidec him in taalpurist, dy't de ynfloed fan 'e lienwurden út it Frânsk yn 'e Bretonske sprektaal besocht te minimalisearjen, wylst er tagelyk de klam lei op 'e relaasje fan it Bretonsk mei it Welsk.
Le Gonidec wie in lid fan 'e Académie celtique ("Keltyske Akademy"), dy't yn 1803 yn Parys oprjochte waard. Dat ynstitút wie mar in koart libben beskern foar'it omfoarme waard ta de algemienere Societé des Antiquaires de France ("Aldheidkundich Genoatskip fan Frankryk"). Yn 1821 publisearre Le Gonidec it Dictionnaire celto-breton ("Keltysk-Bretonsk Wurdboek"). Yn 1833 ferfear er nei Parys, dêr't yn 1837 syn Dictionnaire français-breton ("Frânsk-Bretonsk Wurdboek") útkaam. De twadde printinge fan syn Grammaire celto-bretonne ferskynde in jier letter postúm.
De grutste ambysje fan Le Gonidec wie om 'e Bibel oer te setten yn it Bretonsk, mei't er troch syn stúdzje fan it Welsk sjoen hie hoe'n ferskil it makke foar it taalbehâld om in eigen bibeloersetting te hawwen. Yn it roomske Bretanje hied er foar sa'n projekt lykwols ferlet fan 'e goedkarring fan 'e machtige Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn 1821 publisearre er, foarútrinnend op syn gruttere plannen, in Katekiz historik ("Histoaryske Kategismus") yn it Bretonsk, dêr't de Tsjerke syn goedkarring oan ferbûn.
It slagge Le Gonidec lykwols net om formele stipe fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke te krijen foar in bibeloersetting yn it Bretonsk. Syn fertaling fan it Nije Testamint waard sadwaande yn 1827 publisearre mei help fan 'e British and Foreign Bible Society, in bibelgenoatskip fan 'e Anglikaanske Tsjerke. Dat wie by Le Gonidec syn wurk belutsen rekke trochdat it dêrta oanfitere waard troch Thomas Price, byneamd Carnhuanawc, in taalstrider foar it Welsk. Mei't de Roomsk-Katolike Tsjerke de útjefte sadwaande beskôge as protestantsk, waard de bibeloersetting fan Le Gonidec op 'e Yndeks fan Ferbeane Boeken set.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jean-François Le Gonidec kaam yn 1838 yn 'e âlderdom fan 63 jier te ferstjerren. Hy kaam te hôf yn it Bretonske Lochrist, deunby syn berteplak Le Conquet, yn Finistère. Dêr waard foar him in prealgrêf oprjochte troch syn bewûnderders út Bretanje en Wales, mei in grêfsark dy't ynskripsjes yn it Welsk en Frânsk draacht.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynfloed dy't Le Gonidec, fral mei syn stavering, op 'e fierdere ûntjouwing fan it Bretonsk as in skriuwtaal hân hat, is ûnbidige grut. Syn wurk klearre it paad foar it ûntstean fan in moderne Bretonsktalige literatuer, dêr't Auguste Brizeux (1803-1858) en Théodore Hersart de la Villemarqué (1815-1895) fierder op fuortborduerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |