Théodore Hersart de la Villemarqué

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Théodore Hersart de la Villemarqué
Theodore Hersart de la Villemarque.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Théodore Claude Henri
   Hersart de la Villemarqué
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 7 july 1815
berteplak Quimperlé (Bretanje)
stoarn 8 desimber 1895
stjerplak Quimperlé (Bretanje)
etnisiteit Flag of Brittany (Gwenn ha du).svg Bretonsk
wurkpaad
berop/amt taalkundige, letterkundige
aktyf as publisist
jierren aktyf 18351895

Théodore boarchgreve Hersart de la Villemarqué (folút: Thédore Claude Henri Hersart de la Villemarqué; Quimperlé, 7 july 1815 – dêre, 8 desimber 1895) wie in Frânsk taalkundige, letterkundige en publisist fan Bretonsk etnysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hersart de la Villemarqué waard yn 1815 berne yn Quimperlé, yn it Frânske departemint Finistère, yn Bretanje. Hy wie in telch út in oerâld aadlik etnysk Bretonsk skaai. Ien fan syn foarâlden wie noch yn it gefolch fan kening Loadewyk IX de Hillige fan Frankryk op krústocht gien, wylst in oaren in striidmaat fan Bertrand du Guesclin west hie, in wichtich Bretonsk legeroanfierder foar de Frânsen yn 'e Hûndertjierrige Oarloch (1337-1453) mei it Keninkryk Ingelân.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hersart de la Villemarqué waard taalkundige en letterkundige en wijde syn libben oan it beljochtsjen en behâlden fan 'e Bretonsktalige literatuer. Dêroer publisearre er yn 1842 bgl. it wurk Contes populaires des anciens Bretons ("Folksferhalen fan 'e Alde Bretonnen"), dêr't er by wize fan foarwurd in essay oan tafoege oer de oarsprong fan 'e ridderromans oer Kening Arthur en syn Ridders fan 'e Rûne Tafel.

Yn syn Essai sur l'histoire de la langue bretonne ("Essay oer de Skiednis fan 'e Bretonske Taal"), út 1837, gie Hersart de la Villemarqué yn op 'e Bretonske taalskiednis, wêrmei't er tsjin 'e stream yn roeide yn in tiid dat de Frânske oerheid war die om it Bretonsk en alle oare minderheidstalen yn Frankryk út te rûgjen. Yn Poèmes des bardes bretons du sixième siècle ("Gedichten fan Bretonske Barden út 'e Sechstjinde Iuw"), út 1850, beljochte Hersart de la Villemarqué de poëzij fan 'e sechstjinde-iuwske barden fan Bretanje. Yn 1959 ferskynde fan syn hân La Légende celtique en Irlande, en Cambrie et en Bretagne ("De Keltyske Leginde yn Ierlân, Wales en Bretanje").

Yn 1851 waard Hersart de la Villemarqué troch Jacob Grimm as korrespondint by de Königlich-Preußische Akademie der Wissenschaften yn Berlyn yntrodusearre, dêr't er yn 1858 in folweardich lid fan waard. Dêrnjonken wie Hersart de la Villemarqué ek lid fan 'e Frânske Académie des Inscriptions et Belles-Lettres yn Parys, in dielorganisaasje fan it Institut de France.

De Bretonske folksferskes dy't Hersart de la Villemarqué yn 1939 sammele yn syn bondel Barzaz Breiz wiene lykwols yn oansjenlike mjitte troch him werbewurke, sa't letter saakkundigen op dat mêd fêststelden. Oer it algemien is it wurk fan Hersart de la Villemarqué no efterhelle rekke troch yngeandere stúdzjes oer deselde ûnderwerpen troch lettere taal- en letterkundigen. Dat nimt net wei dat syn wurk foar syn tiid baanbrekkend wie en dat er de grûnslach lei dêr't syn neifolgers op trochbouwe koene.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hersart de la Villemarqué kaam yn 1895, yn 'e âlderdom fan 80 jier, te ferstjerren yn it kastiel Keransker yn syn berteplak Quimperlé.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.