Springe nei ynhâld

Jarich fan Liauckema

Ut Wikipedy
Jarich fan Liauckema
militêr
Fan Liauckema op in skilderij út 1619 fan Jan de Salle. Fan Liauckema wurdt ôfbyld met in kommandostêf.
Fan Liauckema op in skilderij út 1619 fan Jan de Salle. Fan Liauckema wurdt ôfbyld met in kommandostêf.
persoanlike bysûnderheden
berne 17 desimber 1558
berteplak Seisbierrum
stoarn 24 augustus 1642
stjerplak Seisbierrum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
yn tsjinst fan Spanje
heechste rang Luitenant-kolonel
befel Fryske rezjimint
treffen(s) It ynnimmen fan Stienwyk
Slach by Boksum
Belis fan Sutfen
Reduksje fan Grins

Jarich of George fan Liauckema (Seisbierrum, 17 desimber 1558 – dêre, 24 augustus 1642) wie in Frysk ealman en militêr yn Spaanske tsjinst yn de Tachtichjierrige Oarloch. Fan 1588 oant 1591 wie Fan Liauckema gûverneur fan Sutfen. In skofte nei de Reduksje fan Grins kaam er werom nei Fryslân dêr't er yn 1618 wer yn it besit kaam fan it stamslot fan de famylje Fan Liauckema, de Liauckema State yn Seisbierrum.

Fan Liauckema (fjirde fan lofts) tegearre mei oanfierder Johan Baptiste fan Taxis (reade broek) en sweager Tiete fan Cammingha (tredde fan l.) op in alterstik út Huissen út 1586

Jarich waard berne as soan fan Skelte fan Liauckema (om 1519-1579) en syn tredde frou Jel fan Dekema (1529-1583) op de Liauckemastate yn Seisbierrum. Syn heit kaam yn 1569 foar as ferfangend grytman fan Barradiel. Schelte keas ek de Spaanske kant en moast dêrom yn 1577 útwike nei de omkriten fan Oldenzaal dêr't er yn 1579 ferstoar. Jarich ûntflechte Fryslân yn 1580 en kaam dêrnei yn Spaanske tsjinst. Hy begûn as faandrich, mar yn 1582 wie er tegearre mei syn sweager Tiete fan Cammingha as hopman belutsen by it ynnimmen fan Stienwyk laat ûnder fan Johan Baptiste fan Taxis. Ek wie er hopman ûnder lieding fan Fan Taxis doe't dy troch Francisco Verdugo nei Fryslân stjoerd waard yn de winter fan 1585. It kaam ta in treffen op 17 jannewaris 1586 yn de Slach by Boksum.

Nei't Fan Taxis yn 1588 sneuvele yn it Belis fan Bonn, folge Van Liauckema him op as gûverneur fan Zutphen. Liauckema hie ûnderwilens de rang fan luitenant-kolonel. Nei Doesburg ferovere te hawwen op 23 maaie 1591, tsjoch Maurits fan Oranje de oare deis nei Sutfen. Hoewol't er yn de minderheid wie wegere Fan Liauckema ynearsten om fersterking te freegjen. It Belis fan Sutfen folge en op 30 maaie kapitulearde Fan Liauckema. Hy bedong in frije ôftocht foar syn soldaten, wêrnei't er plonderjend de stêd en omkriten ferliet. Fan Liauckema sakke sadwaande yn achting fan Verdugo dy't fan miening wie dat Fan Liauckema de stêd sûnder goede reden oerjûn hie. Yn syn ferslach wegeret Verdugo dêrom ek om Fan Liauckema by namme te neamen. Ek krige hy it advys de hartoch fan Parma net ûnder eagen te kommen.

Nei't Verdugo om 'e nocht besocht hie om Koevorden fannijs op Maurits te ferôverjen beëinige er it belis fan dy stêd op 7 maaie 1594. Verdugo bleau sels by it leger yn Twinte en stjoerde Van Liauckema mei 400 ynfanteristen nei Grins. Yn Grins hie Van Liauckema it befel oer 900 Spaanske soldaten, dy't yn it Schuitenschuiverskwartier eastlik fan de stêd, legere wiene. Maurits en Willem Loadewyk kamen op 22 maaie 1594 oan yn Helpman. Op 18 febrewaris wie al in nije delegaasje út Grins nei Brussel gien om Spaanske stipe te freegjen. Op 24 juny kaam it berjocht fan Ernst fan Eastenryk dat der in ûntsettingsleger byinoar brocht wurde soe. Dat soarge binnen de stêd foar in soad rûzje tusken de foar- en tsjinstanners fan fredesûnderhannelings mei de Steatsen. Uteinlik kamen de Spaanske soldaten út it Schuitenschuiverskwartier de stêd yn om de ûnderhannelingen dwers te sitten. Dat foarkaam Fan Liauckema troch moedich optreden striderij tusken soldaten mei in boargerfindel. Hy bleau solidêr mei it stedsbestjoer en soe Grins sa lang mooglik ferdigenje, ûntset soe der lykwols nea komme. Nei it opblazen fan in ravelyn troch de Steatsen op 15 july wie de stêd ree foar fredesûnderhanneljen. Op 23 july waard it Traktaat fan Reduksje tekene en gie de stêd oer yn Steatse hannen. Dêrby hie Fan Liauckema betinge dat de soldaten mei wapens, findels en roffeljen op trommen yn konfoai nei it leger fan Verdugo yn Twinte brocht wurde soene. Se teagen sadwaande nei Oldenzaal, mar moasten fierder, de Ryn oer, omdat ek oerienkommen wie dat se trije moanne gjin oarlochshannelingen útfiere mochten benoarden dy rivier.

Nei't Fan Liauckema út Grins wie gie is der net folle bekend oer syn fierdere militêre karriêre. Wol is yn it húsargyf fan de Liauckema State in paspoart bewarre bleaun fan Jarich fan Liauckama út 1598; hy wie doe noch altyd as luitenant-kolonel yn tsjinst fan aartshartoch Albrecht fan Eastenryk. Yn 1604 reizge Jarich nei Ljouwert mei syn sweager Adam van Paffenrode om de grêfstien foar syn suster Anna en har man Tjepcke van Goslinga oan te besteegjen. Fan Liauckema hold yn 1605 yn Paderborn ta sa't bliken docht út in brief fan syn sweager Wytze fan Cammingha. Yn 1611 tsjinne Jarich in fersyk yn om mei syn húshâlding en húsried ôf te reizgjen nei Brabân.

Nei it tekenjen fan it Tolfjierrich Bestân kaam Jarich werom nei Fryslân. Yn 1614 besocht Jarich de Liauckemastate wer yn syn besit te krijen. Nei't de Liauckemastate yn 1580 foar in part platbaarnd wie troch de troepen fan geuze-oanfierder Diederik Sonoy, waard de state opnij opboud en beluts Jarichs âldste suster Sjouck de state mei har twadde man Ofcke fan Feytsma. Nei har ferstjerren yn 1599, gie Tjalling fan Camstra, soan út har earste houlik mei Homme fan Camstra, op 'e state te wenjen. Nei it ferstjerren fan Tjalling yn 1614 kaam Jarich hjir tsjin yn it ferset en spande in rjochtsaak oan, yn earste ynstânsje om 'e nocht. Uteinlik krige Fan Liauckema yn 1618 dochs noch gelyk en kaam er yn it besit fan de state.

Hoewol't Van Liauckema katolyk bleau, skynt er him wol fermoedsoene te hawwen mei de Protestanten, om 't er ien fan de oanwêzigen wie by de útfeart fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz yn 1633. Hy bleau wol krewearjen foar de katolike saak. Sa hat it húsargyf fan de Liauckema State in tal dokuminten dy't de rjochtsposysje fan katoliken oanbelangje en hat er nei alle gedachten de persoan west dy't se sammele hat om syn posysje en dy fan de katolike mienskip ferdigenje te kinnen. Dêrneist sette er him yn foar it frijlitten fan in finzen nommen pater yn 1618 en bea er yn 1633 ûnderdak oan de ferneamde pater jezuïet Nikolaas Creps, lieder fan de Kontrareformaasje yn Meppen.

Jarich ferstoar op 24 augustus 1642 yn de âldens fan 84. Fan sawol Jarich as syn frou Siouck binne de leedbrieven oerbleaun mei listen fan útnûge minsken foar de begraffenisplechtichheden. Ien fan de útnûge minsken wie Frans van Donia. Yn 1824 wurdt noch gewach makke fan in rouboerd fan Jarich fan Liauckema yn de tsjerke fan Seisbierrum, mar dat is net mear oanwêzich.

Jarich troude om 1585 hinne mei Sjouck Tietesdr fan Cammingha (? - Seisbierrum, 8 july 1620). Se wie de dochter fan Tiete fan Cammingha en Tryn fan Hottinga. Se krigen twa dochters. De âldste wie Jel of Juliana (Keulen, 1585 - 20 septimber 1650). Sy troude yn 1616 mei Eraert van Pipenpoy. It houliksfeest waard bekend as de Pipenpoyske brulloft. Eraert syn heit François wie earder yn neifolging fan greve Rennenberg nei Fryslân ta kommen. Dy François komt yn 1578 foar as grytman fan Himmelumer Aldefurd en as drost yn Starum. Doe't Jel widdo waard, ferhuze se foar fêst nei de Liauckema State mei har dochter Sophia Anna fan Pipenpoy. Sophia Anna ferstoar sûnder bern yn 1670 wêrnei't de state yn hannen kaam fan har neef, Alexander Josephus van der Laen.
De twadde dochter wie Tryn of Catharina (Keulen, 2 novimber 1592 - Mechelen, 19 juny 1656). Sy boaske op 4 augustus 1616 oan Dierick van der Laen, hear fan Schrieck en Grootlo en boargemaster fan Mechelen. Harren soan Alexander Josephus krige de Liauckema State nei it ferstjerren fan syn nicht Sophia Anna fan Pipenpoy yn 1670.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: