Jan de Salle
Appearance
Jan Urbeijns de Salle (berne yn De Haach, ferstoarn om 1626 hinne) wie in Frysk portretskilder út de 17e iuw.
De Salle waard yn 1599 ynwenner fan Ljouwert en troude dêr itselde jier mei Sara Abraham Lenerts. Under oare Mathias Heimans en Hendrik Geerts wiene dêr syn learlingen. De klean fan de portrettearren yn syn skilderijen wurde wol as foarbyld fan de Spaanske moade yn dy tiid brûkt. [1]
Yn 1628 waard syn hûs yn de Bontepapestege yn Ljouwert, troch skuldeaskers ferkocht. Syn wurken binne benammen yn it Frysk Museum en yn Ryksmuseum Twinte te besjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Geertruydt fan Engelstede (Engelsteedt)
-
Doedt fan Holdinga
-
Buwe fan Jeltinga
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Urbeijns de Salle fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|