Pipenpoyske brulloft
De Pipenpoyske brulloft is in rige fan oarspronklik tsien skilderijen út de earste helte fan de 17e iuw, dy't de fiering fan it houliksfeest fan Eraert fan Pipenpoy (1576-1638) en Jel fan Liauckama (1585–1650) op de Liauckamastate yn Seisbierrum ferbyldet. Dat houlik wie om 1616 hinne.
Dy rige skilderijen is de earstbekende 'houliksreportaazje' yn Nederlân, en wol fan in grut Frysk houlik dat yn Nederlân syn gelikense net kenne soe. It wurk is ek bysûnder om 't it de klean en gebrûken út dy tiid en yn de regio sjen lit. Sa ûnderskiedt de brêgeman him fan de oare manlju troch syn bûtenlânske ridderklean. It houliksmiel is fierder in goed foarbyld fan in dutsen feesttafel út it begjin fan de santjinde iuw.
De skilderijen hongen oant de sloop fan Liauckamastate yn 1823 yn de grutte seal en neistlizzende romte dêre. Fan de seis skilderijen dy't yn de grutte seal hongen, hat it Frysk Museum sûnt 2013 twa yn de samling.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|