Springe nei ynhâld

Jan de Jonge

Ut Wikipedy
Jan de Jonge
Basis-ynformaasje
Namme Jan de Jonge
Berne 8 maaie 1963
Berteplak Emmen
Ploech SK It Hearrenfean
Funksje Haad jongereinopliedings

Jan de Jonge (Emmen, 8 maaie 1963) is in Nederlânske âld-fuotballer. De measte fan syn wedstriden spile De Jonge as spits. Tsjintwurdich is hy yn de fuotballerij aktyf as trainer. Op it stuit is De Jonge as haad jongereinopliedings by SK It Hearrenfean oan it wurk.

Yn de jeugd spile De Jonge foar Germanicus Koevorden. Yn 1982 gie hy nei FK Grins, dat yn de Earedifyzje útkaam. By Grins bliuwt hy oant 1984 spyljen. De Jonge debutearre yn it proffuotbal op 24 oktober 1982 yn de útwedstriid mei Feyenoord. Foar Grins soe hy úteinlik 20 kompetysje-wedstriden fuotbalje, wêryn hy yn it totaal 6 doelpunten makke hat.

Yn de simmer fan 1984 gie De Jonge foar SK It Hearrenfean fuotbaljen. Foar dizze klup hat De Jonge 152 wedstriden spile, syn doelpunteproduksje kaam hjir út op 55 doelpunten.

Nei fiif jier by SK It Hearrenfean luts De Jonge nei FK Emmen. Hjir soe hy sân seizoenen fuotbalje, wêrnei hy yn 1996 syn karriêre as fuotballer beëinige. Foar Emmen hat hy 238 wedstriden spile en 92 kear skoard.

By It Hearrenfean en Emmen wie De Jonge geregeld boppe-oan te finen yn it topskutters-klassemint fan de Earste Difyzje.

Perioade Klup Lân Kompetysje
1982-1984 FK Grins Nederlân Earedifyzje
1984-1989 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Difyzje
1989-1996 FK Emmen Nederlân Earste Difyzje

De Jonge wie al yn syn tiid as proffuotballer aktyf as trainer. By SK It Hearrenfean hat hy tegearre mei Foppe de Haan en Gertjan Verbeek de fuotbalskoalle opset.

Nei syn karriêre as fuotballer gie De Jonge fuort as assistint-trainer by FK Emmen oan it wurk. Op 1 desimber 1998 waard hy haadtrainer fan dy klup. De Jonge waard op 16 febrewaris 2001 ûntslein, omdat de resultaten net goed genôch wienen. Emmen wurdt yn dit seizoen úteinlik 11e. De opfolger fan De Jonge waard Hennie Spijkerman.

It jier dêrop, yn it seizoen 2001/2002 waard De Jonge assistint-trainer fan Foppe de Haan by SK It Hearrenfean. Letter wie hy de assistint fan Gertjan Verbeek doe't dy De Haan opfolge as haadtrainer. By It Hearrenfean wie De Jonge ek aktyf as trainer fan Jong SK It Hearrenfean.

Op 2 novimber 2005 waard De Jonge as haadtrainer fan De Graafschap oansteld. Dêr folge er Gert Kruys op, dy't ûntslein wie om de minne resultaten. De Jonge moast soargje foar rêst binnen de klup. Tegearre mei Han Berger moast hy oan in nije ploech bouwe. It doel wie om binnen in pear jier werom te kearen op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. Yn syn earste jier as trainer fan De Graafschap waard De Jonge 5e. Yn de nijkompetysje waard gjin promoasje behelle.

Yn it twadde seizoen, 2006/2007, waard De Jonge kampioen mei syn ploech. Oant de winterstop seach it der net nei út, koprinner RBC Roosendaal like doe kampioen te wurden. Mar mei in goed twadde part fan it seizoen waard de klup fjouwer wedstriden foar it ein fan de kompetysje dochs kampioen.

It seizoen 2007/2008 wie foar De Jonge it earste jier as haadtrainer yn de Earedifyzje. Foar de winterstop gie it goed mei de klup, mar nei de winterstop sakke de boel ynelkoar. Inkele spilers waarden ferkocht en úteinlik waard it 16e plak behelle. Yn de neikompetysje koe De Graafschap har net hanthavenje en waard der degradearet.

Jan de Jonge twifele oer de takomst fan De Graafschap. Hy woe der graach wat spilers by ha om de seleksje better te krijen, mar dêr wie gjin jild foar. Dêrop hat De Jonge, yn goed oerlis mei it bestjoer fan de klup, op 5 juny 2008 bekend makke dat hy net mear de haadtrainer fan De Graafschap wie.

Op 24 july 2008 waard bekend makke dat De Jonge wer foar SK It Hearrenfean wurken soe. Hjir waard hy foar trije jier oansteld as haad opliedingen. Wat ynhâld dat hy baas is oer de jeugdoplieding fan SK It Hearrenfean.

Yn april 2009 wie der gewach fan dat De Jonge de nije haadtrainer fan Sparta Rotterdam wurde soe. It Algemeen Dagblad meldt op 20 april 2009 dat Jan de Jonge wol wat sjocht yn dat wurk. Sparta wol him in kontrakt oanbiede as de ploech wis is fan in nij seizoen yn de Earedifyzje. Uteinlik gie it hiele ferhaal net troch en bleaun hy by It Hearrenfean.

Op 31 augustus 2009 wurdt by SK It Hearrenfean haadtrainer Trond Sollied tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde ûntslein. De Jonge wurdt op dat stuit oansteld as tydlik ferfanger fan Sollied. Hy sil wis oant de winterstop de haadtrainer bliuwe. Dêrnei sil sjoen wurde oft der in nije trainer komt of dat De Jonge haadtrainer bliuwe sil. Wol wurdt der al in nije assistint binnenhelle. Gert Heerkes, dêr't De Jonge ek al by Emmen mei gearwurke, wurdt de assistint fan De Jonge.

Op 3 febrewaris 2010 besleat de Jonge om op te stappen as haadtrainer fan SK Hearrenfean, dat die er om tsjinfallende resultaten. Hy soe syn âlde taken as haad jongereinopliedings wer oppakke. Opfolger fan De Jonge waard Jan Everse, dy't wer opfolge waard troch Ron Jans.

Perioade Klup Lân Kompetysje Funksje
1996-1998 FK Emmen Nederlân Earste Difyzje assistint-trainer
1998-febrewaris 2001 FK Emmen Nederlân Earste Difyzje haadtrainer
2001-2005 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje assistint-trainer
novimber 2005-2008 De Graafschap Nederlân Earste Difyzje haadtrainer
2007-2008 De Graafschap Nederlân Earedifyzje haadtrainer
augustus 2009-2010 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje haadtrainer

Prizen as trainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Graafschap
Earste difyzje: 2007

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]