De Graafschap

Ut Wikipedy
De Graafschap
Oprjochte 1 febrewaris 1954
Plak Doetinchem
Stadion De Vijverberg
Kapasiteit 12.600
Foarsitter Martin Mos
Trener Jan Vreman
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

De Graafschap is in Nederlânske fuotbalklup út it Gelderske Doetinchem. De klup waard yn it jier 1954 oprjochte. It tradisjonele tenu fan De Graafschap bestiet út in horizontaal strepe blau-wyt shirt, basearre op de kleuren fan de stêd.

De Achterhoekers spylje harren thúswedstriden op De Vijverberg. De oanhang fan de klup neamt harsels 'boeren' en stiet dêrom bekend om harren Achterhoekske mentaliteit en gemoedlike sfear. De Graafschap tanket dêroan de bynamme de Superboeren. De klup is yn de Earedifyzje ien kear achtste wurden, de heechste einklassearring yn de klupskiednis.

Algemiene ynformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Graafschap waard noch nea lânskampioen en wûn noch nea de KNVB-beker. De heechste einklassearring yn de Earedifyzje wie it achtste plak yn 1997. De Graafschap hat in rike histoarje yn de Eare- en Earste difyzje. By de yndieling fan difyzjes kaam De Graafschap yn de Earste difyzje terjochte. It degradearre dêrnei ien kear nei de Twadde difyzje, om letter werom te kommen. Nei it debút yn de Earedifyzje yn 1974 promovearre en degradearre de klup sân kear. Yn 1991, 2007 en 2010 waard de klup kampioen fan de Earste difyzje. Om alle promoasjes en degradaasjes stiet De Graafschap, krekt as FC De Bosk en FC Volendam bekend as in 'hinne en wer'.

De thúswedstriden fan De Graafschap wurde yn stadion De Vijverberg spile. It stadion biedt plak oan 12.600 taskôgers en waard boud yn 1954. Yn de rin fan jierren is meardere kearen diskussearre oer in nij ûnderkommen. Dit plan waard yn 2012 definityf ôfsketten, wêrnei't de klup him rjochtet op útwreiding en modernisearring fan De Vijverberg.

Earelist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1991, 2007, 2010
  • Twadde Difyzje (1x)
1969

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Earedifyzje seizoen 2021/22

Ajax · AZ · SC Cambuur · Feyenoord · Fortuna Sittard · Go Ahead Eagles · FC Grins · SK It Hearrenfean · Heracles Almelo · N.E.C. · PEC Swol · PSV · RKC Waalwijk · Sparta Rotterdam · FC Utert · Vitesse · Willem II