Springe nei ynhâld

Radersma (oargelbouwers)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan Reinders Radersma)
Oargel fan J.R. Radersma en L. van Dam út 1816-1819 yn Mitselwier
Oargel fan P.J. Radersma út 1842, Wier

Radersma is de namme fan twa oargelbouwers, Jan Reinders Radersma en Pieter Jans Radersma, dy't earste helte 19e iuw wennen en arbeiden yn Wiuwert, Fryslân. Sy makken en ûnderholden piipoargels foar tsjerken yn Noard-Nederlân. Sy makken net in protte oargels, mar dy binne wol ferneamd om harren elegante lûd en wurde wol Biedermeier-oargels neamd.

Jan Reinders Radersma (Wiuwert, 4 juny 1772 – dêre, 4 oktober 1816) waard yn 1788 learling fan oargelmakker Rudolph Knol en droech sadwaande by oan de bou fan it tsjerke-oargel fan de Nikolaastsjerke (Wiuwert). Hy boaske oan Siebeltje Pieters Stellingwerf en sy krigen fiif bern. De bern wiene allegear noch jong doe't er yn de âldens fan 44 jier stoar.

Fan Jan is witten dat er yn 1813 it oargel fan de Marijetsjerke yn Mantgum ferboud en fergrutte hat. Letter is it oargel yn de Noardertsjerke fan Drachten bedarre. Yn de lêste jierren fan syn libben die er it ûnderhâld fan it oargel fan de Margaretatsjerke (Easterlittens). Hy hat ek in tal nije oargels makke, lykas dy fan de herfoarme tsjerke fan Spannum, dat troch syn hommels ferstjerren yn 1816 foltôge wurde moast troch Lambertus van Dam. Dat ynstrumint is yn 1913 oerbrocht nei Herfoarme tsjerke fan Mitselwier.

Pieter Jans Radersma (Easterlittens, 4 septimber 1803 – Wiuwert, 31 maart 1851), de âldste soan, wie noch mar 13 jier doe't syn heit ferstoar. Dat it liket derop dat syn heit him net folle bybrocht hawwe kin fan it fak, faaks is er yn de lear west by de firma Van Dam in Ljouwert. Ik kin ek wêze dat syn trije jier jongere broer Reinder Jans, dy't timmerman wie, him assistearre by de oargelbou. Piter waard net folle âlder as syn heit: doe't er as frijfeint sûnder bern stoar, wie er mar 47 jier.

Lykas syn heit ûnderhold Pieter it oargel yn Easterlittens en ek it Van Gruisen-oargel yn de Nikolaastsjerke (Nijlân) hie er op 'e noed. It fan Lambertus van Dam yn 1790 fernije Harmens-oargel yn de Sint-Martinustsjerke (Wurdum) ferboude er yn 1840. Nijbou-oargels fan syn hân (mei lettere feroarings) binne der noch yn:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]