Nikolaastsjerke (Nijlân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nikolaastsjerke
Nikolaastsjerke, Nijlân II.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân vlag.svg Súdwest-Fryslân
plak Nijlân wapen.svg Nijlân
adres Tsjerkegrêft 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw (toer), 16e iuw (tsjerke)
boustyl Gotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39796 [1]

De Nikolaastsjerke yn Nijlân is in monumintaal goatysk tsjerkegebou fan de PKN. De grutte doarpstsjerke wurdt omfieme troch in grêft en foarmet mei de pastorij, de herberge, in pear pleatsen en oare gebouwen in beskerme doarpsgesicht. De tsjerke is it eigendom fan de PKN-gemeente Nijlân en kin by need bystien wurde troch de "Stichting Kerk" foar it ûnderhâld.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard oarspronklik yn it lêste fearn fan de 13e iuw op it nij ynpoldere lân by Boalsert boud en wijd oan de hillige Nikolaas.

Nikolaastsjerke, suder portaal

Neffens in fan Andreas Cornelius yn 1597 optekene leginde woe dy bou net eine. Oant trije kear ta waard it wurk fan de bouwers nachts wer fernield. Dat soe in teken wêze dat God it net iens wie mei it plak dêr't de tsjerke boud waard. De bouwers spanden twa oksen foar in mei stiennen beladen karre en lieten dy nacht de oksen los om it plak oante wizen dat God geskikt fûn foar de nije tsjerke. De oare deis fûnen de bouwers de oksen werom op in leech plak yn in sompe mei reid en mei baarnende kearsen op harren koppen. Dat wie it plak dat God foar de tsjerke ornearre hie en fuort setten de bouwers útein mei it opheegjen mei grûn fan it plak om dêr de nije tsjerke op te bouwen.[3]

Neffens in bouhistoaryske analyse hie de earste tsjerke nei alle gedachten in sealtektoer, in romaansk skip en in leger en smeller koer mei in fiifsidige ôfsluting. Oant de reformaasje hie de tsjerke trije alters: it haadalter wie wijd oan Sint-Nikolaas, de sydalters wiene wijd oan Marije en Katarina.

Tusken 1508 en 1526 waard âlde tsjerke mei de âlde kleastermoppen yn goatyske styl ferfongen troch nijbou. Oan de noardlike muorre bleaune lykwols grutte dielen fan it âlde muorrewurk bewarre. De noardlike en súdlike yngong datearje út likernôch 1600. It súdlike portaal is fersierd mei in bekroaning út 1664.

De út 1275 datearjende 52 meter hege toer waard yn de 16e iuw ferhege. De plakken fan de galmgatten fan de toer binne doe tichtmitsele en yn de ferheging waarden de nije galmgatten makke yn de ferheging. Yn 1866 hong de toer sa bot út it lead, dat de toer rjochtset wurde moast.

Yn de jierren 1980 ûndergyng de tsjerke in wichtige restauraasje.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Betinkingsstien restauraasje 1982

De ynrjochting fan de tsjerke hat in 19e-iuwske opset. It koerhek dat al foar reformaasje tusken it koer en it skip stie waard yn dy iuw ferfongen troch in skiedingswand, werefter in skoalle ynrjochte waard en tsjintwurdich de konsistoarje is ûnderbrocht. De preekstoel út 1659 ferhûze fan it wenstige plak oan de súdlike muorre nei de eastlike skiedingswand. It doophek waard yn de jierren 1960 ferwidere, mar it is net weirekke. Tusken 1870 en 1872 waard yn de tsjerke it stúkynterieur oanbrocht. Ut deselde tiid as de preekstoel ûnstie de mei fykwurk fersierde wand ûnder it oargel. Yn ien fan de ramen yn de súdlike muorre binne de brânskildere rútsjes te sjen fan twa oksen, dy't ferwize nei de leginde oer it plak dêr't de tsjerke stiet. De rútsjes binne yn 1617 brânskildere troch Gerrit Vredeman. By de preekstoel leit de grêfsark foar pastoar Kempo Hottinga, ferstoarn yn 1536. It doopfont is 17e-iuwsk en stiet op in foet út 1968.

Yn it koer binne de kraachstiennen fersierd mei in stjer, in leelje en it wapen fan de Hottinga's.

Van Gruisen-oargel

Op de souder fan de konsistoarje yn it koer fan de tsjerke is in permaninte eksposysje ûnderbrocht.

Yn de toer hingje twa klokken: in troch Henrick Wegewaert getten klok út 1619 en in moderne klok. It oerwurk stamt út 1914, is makke troch B. Vortman, Recklinghausen en krige letter elektryske opwining.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de dei nei't nije oargel yn Easthim yn gebrûk nommen waard, tekene Willem van Gruisen op 1 oktober 1838 it kontrakt foar it bouwen fan in nij oargel yn Nijlân. Hast tagelyk boude Van Gruisen ek in frijwat identyk oargel foar de tsjerke yn Kollum. Wylst it oargel fan Kollum (oplevere yn 1841) goed bewarre bleau, ûnderfûn dat fan Nijlân (oplevere yn 1840) troch lettere feroarings nochal wat skea. It ynstrument mei oanhongen pedaal is ferdield yn in haadwurk en ûnderposityf.

It Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1968 en brocht it oargel foar in grut part yn de oarspronklike steat werom. Yn 2008 restaurearre itselde bedriuw de klaviatuer en de mechanyk en ferfong it piipwurk fan twa noch út 1968 datearjende registers troch nij piipwurk. De kleur fan de oargelkas waard yn oerienstimming brocht mei de kleuren fan it ynterieur fan de tsjerke.[4][5][6]

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten mei tanksij de komst fan de rjochtsinnige dûmny Guldenarm, dy't earder foar folle tsjerken yn Folsgeare preke hie en in rjochtsinnich stimpel op de gemeente sette, en it wurk fan dûmny Ph.J. Hoedemaker koe de doleânsje yn Nijlân letter gjin woartel sjitte. De gemeente hold oant de Twadde Wrâldkriich it rjochtsinnige karakter fêst en nei de kriich idintifisearre de gemeente har as midden-otterdoks. Alhoewol't Nijlân nea in grifformearde tsjerke hân hat, foarme it beroppen fan in grifformearde dûmny gjin probleem. De gemeente is tsjintwurdich oansletten by de PKN.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: