Jan Geersing
Jan Geersing (Leutingewolde, 30 july 1940 - Zuidhorn, 17 febrewaris 2021) wie in Nederlânsk politikus fan it GPV en letter de KristenUny.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne yn it Drintske doarp Leutingewolde en hie in Fryske mem en in Drintske heit. Geersing studearre Latyn en Gryksk oan de Ryksuniversiteit Grins en wie begjin jierren 60 dosint klassike talen oan it Grotius College yn Heerlen; it iennige protestantske gymnasium yn Limburch. Yn 1966 waard er dosint klassike talen op it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert (Huzum) en yn 1981 waard dêr konrektor.
Geersing wie ek polityk aktyf. Sa wie er foarsitter fan de Provinsjale Kontaktried (PCR; provinsjaal bestjoer fan de GPV) yn Fryslân en stie er yn 1978 en 1982 foar de GPV op efter elkoar it 5e en 6e plak by de provinsjale steateferkiezingen yn Fryslân. By de ferkiezingen fan 1978 waard Gerrit Gerritsma, oant doe ta it iennige GPV-Steatelid yn Fryslân, net op 'e nij keazen en yn 1982 kaam de GPV'er Pieter Cnossen as ienmansfraksje yn de Steaten. Doe't dy healweis 1984 foar syn tiid opstapte en de GPV-kandidaten dy't boppe Geersing op de kieslist stien hiene ôfseagen fan de mooglikheid om Steatelid te wurden, naam Geersing dy funksje derby njonken syn wurk yn it ûnderwiis. Op 1 augustus 1988 waard Geersing boargemaster fan Ferwerderadiel dêr't er Tijme Bouwers opfolge. Op dat stuit wie der mar ien oare GPV-boargemaster yn Nederlân, Bert Groen dy't dat amt doe yn Bunschoten besette.
Under syn boargemasterskip wie Geersing ik jierren foarsitter fan de Fryske Akademy. Hy gie yn augustus 2001 as boargemaster fan Ferwerderadiel mei betiid pinsjoen.
Jan Geersing ferstoar hommels yn de âldens fan 80 jier.
- Frysk politikus
- Frysk ûnderwizer
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk provinsjaal politikus
- Boargemaster fan Ferwerderadiel
- GPV-politikus
- KristenUny-politikus
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk konservatyf
- Drintsk persoan
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1940
- Persoan stoarn yn 2021