Springe nei ynhâld

Tijme Bouwers

Ut Wikipedy

T.J. (Tijme) Bouwers (Súdlaren, 1941) is in Nederlânske politikus fan de ARP en letter it CDA.

Bouwers is ôfstudearre yn de ekonomy oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei wie er amtner tafersjoch gemeentefinânsjes by de provinsje Súd-Hollân, ynspekteur fan finânsjes by it ministearje fan Finânsjes en dêrnjonken gemeenteriedslid yn Waddinxveen foar't er yn septimber 1976 boargemaster waard fan de Fryske gemeente Ferwerderadiel. Fan 1977 oant 1980 wie hy foarsitter fan it Provinsjaal Komitee fan A.R. kiesferienings yn Fryslân, en fan 1980 oant 1988 foarsitter fan it CDA yn Fryslân. Yn maart 1988 folge syn beneaming ta boargemaster fan Aalten wat er oant ein 2004 bliuwe soe.

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist de ûnderskate njonkenfunksjes dy't Tijme Bouwers op grûn fan syn funksjes beset hat, wie er tusken jannewaris 2000 en septimber 2011 aktyf as foarsitter fan it bestjoer fan Stichting RIONED, de koepelorganisaasje foar stedsk wetterbehear en riolearring. Tusken 2000 en 2005 wie hy ek lid fan de ried fan kommissarissen fan drinkwetterbedriuw Vitens, en hie dêr sitting yn de Auditkommisje. Yn 2005 waard er lid fan de Ried fan advys fan yngenieursburo MWH, lid fan de bestjoersried fan Stichting " Oude en Nieuwe Gasthuis ", en tusken 2006 en 2011 wie er vice-foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan GGnet, in organisaasje foar geastlike sûnenssoarch. Hy is fertsjintwurdiger regio East fan de Koninklijke Nederlandse Vereniging ' Ons Leger ' en Lid fan de finansjele kommisje fan de Vereniging Officieren Cavalerie. Fierder is er lid fan de redaksjekommisje fan it moanneblêd ' B & G ', lid fan it bestjoer fan ONG en vice-distriktsgûverneur, distrikt 110 BZ fan Lions Organisatie Nederland. Sûnt maart 2010 is hy ek foarsitter fan de Stichting Geschillencommissie Vastgoedbeheer.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]