Jaap Boersma
Jacob (Jaap) Boersma (Ljouwert, 2 desimber 1929 - Utert, 6 maart 2012 ) wie in Nederlânsk politikus en amtner.
De grifformearde Boersma wie in progressive antirevolúsjonêr en fakbûnsman dy't yn 1973 syn fraksjefoarsitter stie troch syn reewilligens om minister yn in progressyf Nederlânsk kabinet te wurden.
Boersma wie foardat er yn de polityk kaam ekonomysk adviseur fan it CNV en fan 1964 ôf Twadde Keamerlid foar de Anti Revolúsjonêre Partij. Hy wie as eksponint fan de fakbeweging fan 1971 oant 1973 minister fan Sosjale Saken yn de kabinetten Biesheuvel I en Biesheuvel II.
As minister yn it kabinet-Den Uyl keas er meast de kant fan de progressive bewâldslju. Hy wie net te benaud om krûdige útspraken te dwaan, sa as: de VVD is de partij fan de trije H's: helje, hawwe en hâlde.
Yn 1978 koe er it net mear fine yn de CDA-fraksje en stapte er oer nei it bedriuwslibben en waard tsien jier letter lid fan de PvdA. Dy partij ferliet er ek wer, nei't dy grutte yngrepen yn de sosjale sekerheid goerkard hie. Yn 1996 sei er dat er tenei faaks op Paul Rosenmöller stimme soe.
Nei't er de Twadde Keamer ferlitten hie, sette er ôf nei boukonsern OGEM, dêr't er haad fan de difyzje bou en technyk waard. Dêr krige er yn 1981 dien, nei't er yn in fraachpetear yn it wykblêd Vrij Nederland kollega-bestjoerder J. Bartels in "geldwolf en absolute nul" neamde. Nei 1,5 jier wurkleazens, waard er tanksij syn âld-kollega Jan Schaefer (PvdA), direkteur fan de Gemeentelijke Stadsreiniging Amsterdam.
Hy wurke dêr oant syn pensjoen.
Yn 1985 publisearre er syn memoires, Wat ik nog zeggen wilde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jaap Boersma fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk fakbûnslieder
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk fakbûnslieder
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- ARP-politikus
- CDA-politikus
- Twadde Keamerlid
- Jeropeesk parlemintslid foar Nederlân
- Nederlânsk minister fan Lânbou
- Nederlânsk minister fan Sosjale Saken
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1929
- Persoan stoarn yn 2012