Springe nei ynhâld

Ien Bolle

Ut Wikipedy
Ien Bolle
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tȟatȟáŋka Waŋžíla
oare namme One Bull
nasjonaliteit (Sioux)
Amerikaansk
berne ±1853
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
stoarn 1947
stjerplak yn it Standing Rock Reservaat
   (Noard-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Ien Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Waŋžíla, útspr.: [tˣa'tˣã:ka wã'ʒi:la], likernôch: "tchatchaanka û-angzjiila"); Ingelske oersetting: One Bull; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1853 – yn it Standing Rock Reservaat (Noard-Dakota), 1947) wie in kriger fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend om't er yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en om't er de omkesizzer en oannommen soan fan 'e foaroansteande sjamaan Sittende Bolle wie.

Ien Bolle waard omtrint 1853 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in telch út in foaroansteande Lakota-famylje. Syn heit wie Makket-Romte, in haadman fan 'e Minnikonzjû-stamme en in broer fan it opperhaad Ien Bolle, wylst syn mem ta de Hûnkpapa-stamme hearde en in suster wie fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle. Ien Bolle hie ek in bekendere âldere broer dy't fan Wite Bolle hiet.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht Ien Bolle op 25 en 26 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Yn dy fjildslach droech Ien Bolle it skyld fan syn omke Sittende Bolle, wat in grutte eare wie.

Neitiid wiek Ien Bolle yn maaie 1877 mei syn omke út nei Kanada om oan 'e ferfolging troch it Amerikaanske Leger te ûntkommen. Yn 1881 kearde er yn 'e mande mei syn omke en guon oare fertroulingen fan Sittende Bolle werom nei de Feriene Steaten. Nei harren oerjefte yn Fort Buford, yn Montana, waarden se oant 1883 as kriichsfinzenen fêstholden yn Fort Randall, wêrnei't se har nei wenjen setten yn it Standing Rock Yndianereservaat. Dêr kaam Ien Bolle yn 1947 te ferstjerren, yn 'e hege âlderdom fan 94 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.