Springe nei ynhâld

Holhoarnigen

Ut Wikipedy
Holhoarnigen
In sabelantilope.
In sabelantilope.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
Gray, 1821

De holhoarnigen (wittenskiplike namme: Bovidae) foarmje in famylje fan krapoan 140 bistesoarten fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), dêr't û.o. de ko, it skiep en de geit ta hearre. Holhoarnigen ûnderskiede harren troch (alteast by de mantsjes) karakteristike, oer it algemien kromme hoarnen sûnder fertakkings dy't bedutsen binne troch in permaninte laach keratine. De famylje is tige wiid ferspraat, mei ûnderskate soarten dy't lânseigen binne yn Aazje, Afrika, Jeropa en Noard-Amearika.

De holhoarnigen binne frijwol allegearre herbivoaren, útsein de measte duikersoarten, dy't omnivoar binne. Yn grutte rinne de holhoarnigen útinoar fan 'e gaur, in wyld kobist út Aazje, dat in skofthichte fan 2,2 m hat, oant de dwerchantilope, dy't sa'n 3 kg weaget en like grut is as in hûskat. Se libje yn in ferskaat oan biotopen, fan woastyn en toendra oant tropysk reinwâld.

  • famylje holhoarnigen (Bovidae)
    • ûnderfamylje duikers (Cephalophinae): 21 soarten lytseftige antilopen
    • ûnderfamylje echte antilopen (Antilopinae): 35 soarten gazellen, dwerchantilopen en saiga's
    • ûnderfamylje geiteftigen of bokken (Caprinae): 33 soarten skiep, geiten, muskusoksen en oaren
    • ûnderfamylje hynste-antilopen (Hippotraginae): 7 soarten weidzjende antilopen
    • ûnderfamylje ympala's (Aepycerotinae): 1 soarte ympala's
    • ûnderfamylje kobisten (Bovinae): 27 soarten kij, buffels, bizons en spiraalhoarnige antilopen
    • ûnderfamylje kowe-antilopen (Alcelaphinae): 10 soarten gnoes en oanbesibbe antilopen
    • ûnderfamylje reebokantilopen (Peleinae): 1 soarte reebokantilopen
    • ûnderfamylje reidbokken en wetterbokken (Reduncinae): 9 soarten lytseftige antilopen
    • ûnderfamylje Tibetaanske antilopen (Pantholopinae): 1 soarte Tibetaanske antilopen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.