Hoe't it fielt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

'Hoe't it fielt' is in Frysk liet fan Carla de Bruine en De Kast dat útkaam op 24 juny 2019.

Yn it iepenloftspul Salomon - It Kollumer oproer út 2019 spile Carla de Bruine de rol van Djoeke Binnes. Mei De Kast waard it liet Hoe't it fielt út dat teäterstik opnomd as single. Produsint wie eardere De Kast-drummer Nico Outhuijse. It liet is in Fryske bewurking troch De Kast fan Lady Gaga har Till It Happens To You. Hoe't it fielt giet oer it tema #MeToo, dat ek yn it stik ferwurke sit. [1] De sjongster yn it iepenloftspul besjongt yn it nûmer dat se sels ek slachtoffer west hat.

It nûmer fan 4.13 minuten kaam yn 2019 binnen op nûmer 27 fan de Fryske Top 100, yn it koroanajier 2020 sakke Hoe't it fielt nei nûmer 63. Steven de Jong makke in clip fan it liet, mei dêryn de dûnseresse Frouke Minkema. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. www.kollumeroproer.nl
  2. De clip fan Hoe't it fielt sterrenparade.nl