Oerlis:Hoe't it fielt

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Oer sjongster/sjongeres fan hjir: Mei sjongeres ynienen net net mear? Sjoch ek hjir en hjir op rigel 14.. Frou Watzema (oerlis) 3 jan 2021, 14.13 (CET)[beäntwurdzje]

@Frou Watzema: Goeie. Neffens my hat 'sjongeres' noch noait mocht, mar ik sjoch dat op Taalweb tsjintwurdich alles mei. It stikje yn 'e Ljouwerter Krante dat jo oandrage, sit smoarfol fouten, dat dêr soe ik net op ôfgean wolle, mar as de F.A. seit dat it mei, wa bin ik dan om dêr tsjinyn te gean? Ik sil it net wer ferbetterje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 jan 2021, 01.28 (CET)[beäntwurdzje]
Best genôch hear, men kin net alles ûnthâlde, it kin de master misse. Mar de foarm wurdt ek brûkt op ûnfertochte plakken as de Moanne. Mar sels sangeresse komt al foar. En net iens as synonym foar kleilieten of jankfodden.. Frou Watzema (oerlis) 4 jan 2021, 09.44 (CET)[beäntwurdzje]
Tsja. It bliuwt fansels bryk Frysk, sa'n hollanisme. De side dêr't jo hjir nei ferwize, oer it stik fan Ionesco, dêr haw ik yndie it wurd "sjongeres" brûkt, en dat wie ik net fergetten, mar it wie dêr de titel fan in Fryske oersetting. Ik net bêst in titel ferbetterje, dat dat haw ik doe stean litten, al haw ik dêr nochal wat argewaasje fan hân, dat wit ik noch goed. Ik bin hielendal net tsjin hollanismen as der gjin goed Frysk wurdt bestiet. Bygelyks foar verontwaardiging, dêr jouwe de wurdboeken "lulkens". Dat slacht neffens my nearne op, want dat is dúdlik wat oars. Dat dan liket it my de baas om gewoan "ferûntweardiging" te brûken. Mar yn it gefal fan "sjongeres" bestiet der in geef Frysk alternatyf ("sjongster") dat poerbêst foldocht. Dan begryp ik gewoanwei net wêrom't je in hollanistyske ynterferinsje brûke moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2021, 01.43 (CET)[beäntwurdzje]