Springe nei ynhâld

Himelgod

Ut Wikipedy

De Himelgod is yn 'e ferlykjende mytology in weromkearend type god yn polyteïstyske religyen. It giet dêrby om in god fan 'e loft, faak oantsjut as 'heit', dy't yn it oangeande panteön wat op 'e eftergrûn rekke is om't er yn figuerlike sin (en soms ek letterlik) safier fan 'e minsken ôf kommen is te stean.

De Himelgod is in konsept dat betocht waard as stadium yn 'e ûntwikkeling fan religiositeit by de minske y.f.m. de oarsprong fan religy. Dizze teory waard yn 1912 foar it earst formulearre troch de Dútske pater Wilhelm Schmidt yn syn boek Der Ursprung der Gottesidee ("De Oarsprong fan it Godsidee"). Schmidt gie derfan út dat de iere minskheid in primityf monoteïsme belide, troch in inkele god te oanbidden dy't as de skepper en hear fan alle dingen beskôge waard. Dy saneamde Himelgod wenne net yn timpels en hie gjin preesterstân dy't him tsjinne, om't er sa heech en machtich wie dat in minsklike kultus foar him fierstente ûntarikkend west hawwe soe. Mar krekt dêrtroch kaam er sa fier fan it aldendeiske bestean fan 'e minsken ôf te stean, dat er stadichoan út harren belibbingswrâld ferdwûn.

In oanwizing foar de wierskynlikens fan dizze teory is te finen by guon natoerreligyen yn Afrika, de Amearika's, Aazje en Oseaanje. Guon natoerfolken dêre leauwe noch altyd yn it bestean fan in godheid dy't klassifisearre wurde kin as in himelgod. Fan sa'n god wurdt leaud dat er gebedens ferhearre, sûnden bestraffe en beskerming biede kin, mar yn it deistich libben fan 'e minsken komt er frjemdernôch net foar. Ek hat er gjin kultus, gjin preesters en wurdt er nea ôfbylde. It komt sels foar dat er sa hillich is, dat de minsken him net lestichfalle meie of wolle mei gebedens. Guon sizze dat er net beskreaun wurde kin of dat er te heech ferheft is om troch de minsken besmodzge wurde te meien; oaren leauwe dat er "fuortgien" is, of dat er syn hannen fan 'e wrâld ôflutsen hat.

De antropology hâldt it derop dat de Himelgod yn dy lêste gefallen sa fier fan 'e minsken ôf kommen is te stean, dat er ferfongen is troch legere en mear tagonklike goaden en geasten. Op dyselde wize gie neffens de teory fan Schmidt de Himelgod yn âlde heidenske religyen einlings ek op yn polyteïstyske panteöns, dêr't er nei de eftergrûn krongen waard troch 'jongere' goaden. Neitiid 'oerlibbe' er almeast as in dizenich figuer op 'e eftergrûn. Yn it bysûnder soe it plak fan 'e Himelgod as liedende godheid omtrint 30.000 f.Kr. ynnommen wêze troch de Memmegoadinne.

Foarbylden fan 'e Himelgod út âlde heidenske godstsjinsten binne Uranus yn 'e Grykske mytology, Rod yn 'e Slavyske mytology, Dievas yn 'e Baltyske mytology en Ilmarinen yn 'e Finske mytology. In foarbyld út natoerreligyen is Unkulunkulu ("de Alde, Alde Man"), in god fan 'e Sûlû's fan Súd-Afrika dy't de wrâld skepen hat. De Ankole fan súdwestlik Oeganda leauwe yn 'e goede, mar ôfhâldige skepper Ruhanga, dy't yntervinsje yn it libben fan 'e minsken oerlit oan 'e geasten fan 'e foarâlden. De Australyske Aboriginals leauwe ek yn in skepper-god dy't him as Himelgod weromlutsen hat yn 'e fierste himelske hichten en roppe yn it deistich libben net him, mar de geast-foarâlden oan.

Ek yn 'e natoerreligyen fan in protte folken fan West-Afrika komt in Himelgod foar, wêrby't almeast in hiel dúdlike skieding tusken him en de legere, mear tagonklike godheden of geasten makke wurdt, dy't in folle gruttere rol spylje yn it deistich bestean fan 'e minsken. Sa'n ûnderskie bestiet bgl. by de Jorûba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn tusken de Himelgod Olurun en de òrìṣà; by de Edo fan súdlik Nigearia tusken Osanobuwa en de ebo; en by de Ibo fan súdeastlik Nigearia tusken Chukwu en de aalusa. De Asjanty fan sintraal Gana leauwe yn 'e heechste god Nyame, dy't nei it skeppen fan 'e wrâld flechte foar it ûnferdraachlike leven dat de froulju makken by it fynstampen fan 'e yams. Tegearre mei de ierdgoadinne Asase Yaa wurdt hy troch de Asjanty oanhâldend oanroppen, hoewol't er net drekt yn harren libben yngrypt; dat dogge nammentlik allinne de abosom (de mindere goaden), de asaman (de foarâlden), en de asuman (in ûnpersoanlike godlike krêft).

Yn 'e religy fan 'e Maya's fan Belize, Gûatemala en súdlik Meksiko wie oarspronklik de wichtichste god Itzamná, dy't ôfbylde waard as in gebou, wêrby't de tagongspoarte syn mûle wie. Yn it Inka-Ryk, yn 'e Andes fan Súd-Amearika, wie Viracocha (ek bekend as Pachacutec) de skepper-god. Hy wie in abstrakte godheid yn 'e Inka-kultuer, dy't as iennichste god bestie foar't romte en tiid skepen waarden, en wurdt dêrom faak sjoen in foarm fan 'e Himelgod.

It leauwen yn 'e Himelgod kaam ek op ferskillende oare plakken yn Súd-Amearika foar. De Ona of Selk'nam Fjoerlân, it súdlikste puntsje fan it kontinint, leauden yn 'e oppergod Temakuel, dy't him nei it skeppen fan 'e wrâld weromloek oant foarby de himelske hichten en it behear fan 'e skepping oerliet oan 'e earste Ona-foarfaar, Kenos. De Ona foelen Temakuel dêrom net lestich mei gebedens, mar offeren him wol eltse dei iten. Ek by de Mûndoerûkû, in Yndiaanske stamme út noardwestlik Brazylje, is de heechste god in foarm fan 'e Himelgod. Hy hjit Karukasaibe, en waard neffens in myte, nei it foltôgjen fan 'e skepping, troch de minsken sa freeslik misledige, dat er him weromloek yn ûnberikber fiere himels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • H. Finlay en oaren, Australia, Hawthorn, 1998.
  • M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • H. Smith, De Religies van de Wereld, Utert, 1999.