Himalayaboskmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Himalayaboskmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus gurkha
Thomas, 1924
IUCN-status: bedrige

De Himalayaboskmûs (Latynske namme: Apodemus gurkha) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat allinnich mar foarkomt yn it Himalayaberchtme fan sintraal Nepal. Syn natuerlike habitat wurdt dêr foarme troch de nullewâlden tusken in hichte fan 2.200 en 3.600 m. De Himalayaboskmûs is in bedrige bistesoarte.

Besibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Himalayaboskmûs wurdt almeast mei de Eastaziatyske soarten fan it boskmûzeskaai ûnderbrocht yn 'e Alsomys-groep (fan 'e Aziatyske boskmûzen). Dêr wykt er op genetysk mêd lykwols tige sterk fanôf, en sadwaande wurdt er ek wol as in selsstannige haadgroep binnen it skaai beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.