Hielke Faber
Hielke Faber | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hielke Faber | |
berne | 30 april 1935 | |
berteplak | Boalsert | |
wurkpaad | ||
sjenre | kristlike muzyk | |
ynstrumint | tsjerkeoargel | |
jierren aktyf | 1947 - no |
Hielke Faber (Boalsert, 30 april 1935) is in Frysks organist en dirigint.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Faber fûn as bern it oargel al in fassinearjend ynstrumint. Hy gie alle sneinen al mei syn âlden mei nei tsjerke. Meidat syn omke ek organist wie, woe hy sels ek al jong oargellessen nimme, mar dat waard ôfwiisd troch syn heit. Nei earst it noateskrift leard te hawwen folge hy wol oargellessen.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Faber debutearre al op tolvejierrige leeftyd as organist yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Syn earste bespiling dêr wie op twadde krystdei yn 1947. Yn de tiid fan syn tsjinstplicht by de keninklike loftmacht wie hy organist fan de Sint-Martinustsjerke yn Makkum.
Yn 1964 ferhuze hy nei De Jouwer wêr ‘t hy organist waard yn de Hobbe fan Baerdt Tsjerke en de Doopsgesinde tsjerke. Teffens wie hy dêr as opfolger eigener fan in bedriuw foar wenningynrjochting. Hy eksploitearre dit bedriuw oant 1994 wêrnei ’t er him hielendal rjochte op it oargel.[1] Hy is sûnttiids dirigint en organist yn de herfoarme Nikolaastsjerke yn Nijlân.
Underskieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn desimber 2022 waard Faber by syn 75-jierrige jubileum beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. [2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|