Van Hall Larenstein

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lokaasje Velp

Hegeskoalle Van Hall Larenstein is in HBU-ynstelling mei festigings yn Ljouwert en Velp.

Opliedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hegeskoalle Van Hall Larenstein biedt de folgjende foltiids bacheloropliedingen:

  • Tún- en Lânskipsynrjochting
  • Túnbou en Ikkerbou
  • Tropyske Lânbou
  • Fiedingsmiddelstechnology

Dêrnjonken biedt Van Hall Larenstein ferskillende masteropliedings, Associate degrees, kursussen, en dieltiidsopliedings oan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Hall Ynstitút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hegeskoalle ûntstie út in fúzje yn 2003-2005 tusken it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert en Ynternasjonale Agraryske Hegeskoalle Larenstein yn Velp en Dimter.

It Van Hall Ynstitút is neamd nei Herman Christiaan van Hall, en neamde himsels ek wol de "Griene Hegeskoalle". It wie in agraryske hegeskoalle, dy't yn 1995 ûntstien is út in fúzje fan ferskate hegeskoallen yn Fryslân en Grinslân:

  • De Agraryske Hegeskoalle Fryslân (Ahof), dy't sels út in fúzje yn 1986 ûntstien is tusken de hegere skoalle-takke fan de Ryks Hegere en Middelbere Skoalle foar Libbensmiddelstechnology yn Boalsert (foar 1963: de Hegere Suvelskoalle Boalsert), oprjochte yn 1904 en de Kristlike Hegere Lânbouskoalle yn Ljouwert.
  • It Professor Van Hall Ynstitút yn Grins, dy't earder de Hegere Lânbouskoalle neamd waard. Dêrfoar wie it foar inkoart skoftke de lânhûshâldkundige skoalle (1843).

De trije lokaasjes, dy't de skoalle op dat stuit hie, waarden gearfoege op ien lokaasje yn Ljouwert. Yn Grins bleau der allinne in lokaasje foar dieltiidsopliedings. De fúzje tusken de Ahof en it Professor Van Hall Ynstitút wie net alhiel eigen kar, mar in gefolch fan in heare-akkoard yn it begjin fan de jierren 1990 tusken de doetiidske Kommissarissen fan Fryslân en Grinslân, Hans Wiegel en Henk Vonhoff. Dêrby waard ôfsprutsen dat Ljouwert it sintrum fan de HBU fan Noard-Nederlân krije soe, en dat Grins it kulturele sintrum wurde soe. It Van Hall Ynstitút ferdwûn dêrom út Grins, wylst Ljouwert syn konservatoarium en it Frysk Orkest kwytrekke.

Hegere Skoalle Larenstein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ynternasjonale Agraryske Hegeskoalle (IAH) Larenstein wie in HBU-oplieding yn Velp en Dimter, dy't neamd waard nei it Lângoed Larenstein yn Velp, dêr't de Boskbou- en Kultuertechnyske Skoalle mei in HBU- en in MBU-takke fan 1975 ôf festige wie. De Ynternasjonale Agraryske Hegeskoalle Larenstein ûntstie yn 1988 út in fúzje tusken de:

  • Hegere Boskbou- en Kultuertechnyske Skoalle (HBCS)
  • Stova HLO-laboratoariumoplieding yn Wageningen
  • Ryks Hegere Skoalle foar Tún- en Lânskipsynrjochting yn Boskoop
  • Ryks Hegere Lânbouskoalle yn Dimter

Nei de fúzje waarden de lokaasjes yn Wageningen en Boskoop opheft, en bleaune de lokaasjes Dimter en Velp oer.

Fúzje ta Hegeskoalle Van Hall Larenstein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan jannewaris 2003 ôf, wie der in bestjoerlike fúzje tusken it Van Hall Ynstitút en de Hegeskoalle Larenstein. Fan oktober 2005 ôf, waard de fúzje trochfierd yn alle lagen.

Gearwurkjen mei Wageningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hegeskoalle wurke tusken 2004 en 2012 administratyf gear mei de Universteit fan Wageningen. Fan septimber 2006 ôf waard de lokaasje Dimter nei Wageningen ferpleatst. Dat wie it gefolch fan it part wurden fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein mei Wageningen UR.

Unienichheid oer de lieding fan de hegeskoalle troch Wageningen UR en kosten dy't hja rekkenen foar levere tsjinsten oan Van Hall Larenstein late ta in ôfsplitsing yn 2012. Yn de rin fan 2015 is Van Hall Larestein folslein ôfskaat fan Wageningen UR. Dêrby binne de studinten en meiwurkers fan Van Hall Larenstein yn Wageningen ferpleatst nei Velp.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]