Springe nei ynhâld

Hegeskoalle Larenstein

Ut Wikipedy
Hegeskoalle Larenstein yn Felp
Kapel fan kleaster Larenstein
Begraafplak fan kleaster Larenstein

Larenstein wie in HBU ynstelling yn Felp, Wageningen en Dimter. Dy skoallen binne bekend om har foar Nederlân unike opliedingen. Lân- en wettermanagement (LWM), Tún- en Lânskipsynrjochting (T&L) en Bosk en Natoerbehear (BNB) binne de bekendste. Dêrneist sit de lytsere oplieding Laboratoariumtechnyk ek yn Felp. Yn de wyls ophefte festiging yn Dimter sieten de agraryske opliedingen.

De Hegeskoalle Larenstein is ûntstien út in fúzje tusken de HBCS (Hegere Boskbou en Kultuertechnyske Skoalle) en de Ryks Hegere Skoalle foar Tún- en Lânskipsynrjochting. De lêstneamde oplieding is út Boskoop wei nei Velp ferhuze.

Hegeskoallle Van Hall Larenstein is in HBU ynstelling dy't ûntstien is út in fúzje tusken it Van Hall Ynstitút út Ljouwert en IAH Larenstein. Sûnt jannewaris 2003 wie der in bestjoerlike fúzje tusken beide hegeskoallen en sûnt oktober 2005 is de fúzje trochfierd yn alle lagen.

Larenstein wurket gear mei de Wageningen Universiteit. It hat ek in festiging yn Wageningen. Dizze is âlder as dy yn Felp. Studinteferiening Arboricultura fan Larenstein is de âldste HBU studinteferiening fan Nederlân. It symboal fan de feriening is in geit.

Larenstein is nei it lângoed mei kleaster neamd. It kleaster stiet noch op it terrein en ek de kapel is der noch. Larenstein wie foar de bewenners fan Velp wat in heimsinnich kleaster. It lei oan de râne fan it doarp, bemuorre en ôfsluten fan de bûtenwrâld. Tusken 1892-1973, hienen de Susters fan de Goede Harder hjir in ynternaat dêr't famkes ûnder in strang rezjym 'opfieden' waarden. It wienen wezen, bern dy't om ferskate redenen út hûs set wienen en famkes dy't ‘mei justysje yn oanrekking west hienen’. Op it begraafplak steane noch tsientallen nammeleaze krusen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]