Springe nei ynhâld

Halbertsma (laach)

Ut Wikipedy

Halbertsma is in Nederlânsk Patrysjerslaach fan Frysk komôf (omkriten fan Dokkum), dat ûnder mear gelearden en keaplju opsmiten hat.

Der is bewiis dat de stamrige begjint mei in Scipio Halbertsma dy't om 1645 hinne yn Dokkum berne waard. Hy wie advokaat foar it Hof fan Fryslân en substitút-sekretaris fan de grytenij Westdongeradiel. Syn soan Hidde Halbertsma waard goud- en sulversmid op De Gordyk. Dy syn efterpakesizzer wie de yn Dimter berne heechlearaar Tsjalling Joastes Halbertsma.

De famylje Halbertsma is opnommen yn de jiergongen 5, 12, 15, 40, 71 en 72 fan it genealogyske neislachwurk Nederland's Patriciaat.

  • Hidde Joastes Halbertsma (1756-1809), master-bakker en keapman
    • Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), skriuwer, taalkundige, âldheidkundige en predikant
      • Hidde Justusz Halbertsma (1820-1865), dokter en heechlearaar yn Leien
      • Tjalling Joastes Halbertsma (1829-1894), klassikus en heechlearaar yn Grins
    • Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), skriuwer en keapman
      • Klaas Tjallings Halbertsma (1815-1879), dokter yn Snits
        • Tjalling Halbertsma (1841-1898), medikus en heechlearaar ferloskunde en gynekology yn Grins en Utert
        • Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma (1853-1929), yngenieur en arsjitekt
          • Nicolaas Adolf Halbertsma (1889-1966), natuerkundige en heechlerear yn Utert
        • Antoon Halbertsma (1857-1931), eachdokter
          • Klaas Tjalling Agnus Halbertsma (1896-1963) dokter en eachdokter yn Delft
      • Johannes Tjallings Halbertsma (1827-1884), oprjochter fan de firma Johannes Halbertsma yn Snits en gemeenteriedslid yn Snits
        • Herrius Halbertsma (1864-1920), oprjochter fan it suvelfabryk Normandia yn Snits
          • Johannes Herrius Halbertsma (1894-1979), direkteur fan N.V. Normandia
            • Herre Halbertsma (1920-1998), archeolooch
              • Marlite Halbertsma (1947), keunsthistoarikus en heechlearaar
              • Ruurd Binnert Halbertsma (1958), archeolooch fan de klassike âldheid
                • Diederik Johannes Herrius Halbertsma (1990), archeolooch fan it Heine Easten
    • Binnert Hiddes Halbertsma (1795-1847), keapman, lid Provinsjale Keamer fan Keaphannel Fryslân
    • Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), skriuwer en dokter
      • Eeltje Halbertsma (1822-1894), keapman
        • Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912), skriuwer en ûnderwizer

Oare Halbertsma's binne:

  • Maria Francisca Halbertsma (1938), keunsthistoarika
  • Tjalling Halbertsma (1969), jurist en antropolooch

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat, jiergong 5 (1914).