Tjalling Hidde Friso Halbertsma

Ut Wikipedy

Tjalling Hidde Friso Halbertsma (Doorn, 6 maart 1969) is in Nederlânske jurist, antropolooch en Mongoalje-saakkundige.

Hy studearre rjochten oan de Universiteit Maastricht en sosjale antropology oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1994 rûne er beide stúdzjes ôf.

Tusken 1999 en 2006 wurke er yn Mongoalje en Sina. Halbertsma publisearre ferskate boeken oer syn reizen en skriuwt geregeldwei oer Mongoalje en Sina yn de South China Morning Post, Asian Art en de Nederlânske krante Trouw.

Hy wie kampanje-adviseur fan de minister-presidint en presidint fan Mongoalje en de earste bûtenlanner dy't op it kantoar fan de presidint fan dat lân wurke. Yn 2007 promovearre er op it Nestoriaanske erfgoed fan Binnen-Mongoalje oan de Universiteit Leien.

Halbertsma is bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Grins.

Njonkenfunksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • CEASG Director International
  • Bestjoerslid Halbertsma Stichting
  • Bestjoerslid Karel van Lennep Jr. Stichting
  • Bestjoerslid Stichting Hudde Fonds

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Verloren Lotuskruisen, Haarlim: Altamira-Becht, 2002
  • Steppeland: Berichten uit Mongolië, Haarlim, Hollandia-Dominicus, 2003. (Oerset yn it Sineesk en het Tsjechysk)
  • Mongolië, Amsterdam, Koninklijk Instituut voor de Tropen ; De Haach, Novib ; Brussel, 11.11.11, (2005)
  • Sprong naar het Westen: In het spoor van de Chinese ontdekker van Europa, Haarlim: Hollandia-Dominicus, (oktober 2005)
  • Nestorian Remains of Inner Mongolia: Discovery, Reconstruction and Appropriation, 2007, proefskrift, Leien
  • Yeti jagers, het verborgen onderzoek naar de Wilde Mens van Centraal-Azië, Hollandia, 2008
  • Early Christian Remains of Inner Mongolia, Discovery, Reconstruction and Appropriation, Brill, hjerst 2008 (hannelsferzje fan dissertaasje Nestorian Remains of Inner Mongolia)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]