Marlite Halbertsma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marlite Halbertsma yn Uskwert (1977)

Maria Elisabeth (Marlite) Halbertsma (Grins, 15 novimber 1947) is in Nederlânsk keunsthistoarikus dy't oant 1 oktober 2012 heechlearaar Histoaryske Aspekten fan Keunst en Kultuer oan de Erasmus Universiteit Rotterdam wie.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halbertsma is in telch út de Fryske famylje Halbertsma. Har heit wie de archeolooch Herre Halbertsma. Se studearre keunstskiednis oan de Universiteit Utert en promovearre yn 1985 oan de Ryksuniversiteit Grins op it proefskrift "Wilhelm Pinder en de Duitse kunstgeschiedenis".

Nei har stúdzje wurke Halbertsma fan 1972 oant 1989 aas dosint oan de learare-oplieding fan de keunstakademy Minerva yn Grins. Yn 1989 waard hja universitêr dosint oan de Erasmus Universiteit Rotterdam (EUR) by de Fakulteit fan de Histoaryske en Keunstwittenskippen, fan 2011 ôf werneamd ta Erasmus School of History, Culture and Communication. Nei in beneaming út namme fan de Verhagen Stichting as bysûnder heechlearaar yn 1997[1], waard se yn 2000 gewoan heechlearaar op de learstoel Histoaryske Aspekten fan Keunst en Kultuer oan deselde universiteit. Yn 2012 gie se mei emeritaat. By har ôfskied waard se beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau en ûntfong se de Ad Fontespenning fan de EUR. Letter dat jier krige sy fan de Gemeente Rotterdam de Wolfert van Borselenpeinje.
Yn 2012 sette se har wer foarfêst nei weinjen yn Grins. Yn 2014 waard se dêr bestjoerslid fan it Luthers Bach Ensemble. Marlite Halbertsma is troud.

Njonkenaktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halbertsma wie fierder koördinator fan twa NWO-ûndersyksprojekten, 'Globalisation and Cultural Heritage' (2005) en 'Community Museums Past & Present' (2009), finansearre troch it VSBfûns. Teffens wie hja nau belutsen by ferskate tentoanstellingen lykas:

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1980. Feministische kunst internationaal. De Haach: Gemeentelijke dienst voor schone kunsten.
  • 1985. Wilhelm Pinder en de Duitse kunstgeschiedenis. Proefskrift Grins.
  • 1991. Behouden is kiezen: over het verzamelen, selecteren en wijzigen van museale collecties. Mei A.M. Bevers. Ministearje fan WVC, Direktoraat-Generaal Kulturele Saken.
  • 1995. Gezichtspunten: een inleiding in de methoden van de kunstgeschiedenis. Mei Kitty Zijlmans (red.). Nymwegen: SUN.
  • 1997. Charles Rochussen (1814-1894), een veelzijdig kunstenaar. Rotterdam/Swol: Stichting Kunstpublcaties Rotterdam/Waanders
  • 1998. Beroep: kunstenares: de beroepspraktijk van beeldend kunstenaressen in Nederland 1898-1998. (red.). Nymwegen: SUN.
  • 1998. En maar altoos duurt het vitten op het nieuwe Raadhuis voort ...: het Rotterdamse stadhuis als representatie van Rotterdam 1912-1929. Rotterdam: Stichting Kunstpublicaties Rotterdam.
  • 2000. Steden vroeger en nu: een inleiding in de cultuurgeschiedenis van de Europese stad. Mei Henk van Dijk en Paul Schulten. Bussum: Coutinho. Twadde fannijs besjoene druk yn 2008, tegearre mei Patricia van Ulzen
  • 2001. Interbellum Rotterdam: kunst en cultuur 1918-1940. Mei Patricia van Ulzen (red.). Rotterdam: NAi Utjouwers.
  • 2007. Volmaakt verchroomd: d3 en het avant-gardemeubel in Nederland. Mei Titus M. Eliëns (red.). Rotterdam: NAi Uitgevers.
  • 2011. Sisi en Wilhelm II. Keizers op Corfu. Mei Liesbeth Ruitenberg en Jill Hendriks (red.). Leien: Ryksmuseum fan Aldheden
  • 2011 The Heritage Theatre. Globalisation and Cultural Heritage. Mei Alex van Stipriaan en Patricia van Ulzen (red.). Newcastle upon Tyne: Cambridge Scholars Publishing
  • 2014 Het Erfgoeduniversum. Een inleiding in de theorie en praktijk van cultureel erfgoed. Mei Marieke Kuipers. Bussum: Coutinho

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mw.dr. Marlite Halbertsma bijzonder hoogleraar Kunst- en Cultuurwetenschappen Erasmus Universiteit Rotterdam 27 oktober 1997. Sjoen 8 oktober 2010.