Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma
Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma (Snits, 4 jannewaris 1853 - Utert, 16 febrewaris 1929) wie in Nederlânsk yngenieur en arsjitekt.
Halbertsma wie de soan fan Klaas Tsjallings Halbertsma (1815-1879) en Hesterina ten Cate (1819-1886) en pakesizzer fan Tsjalling Hiddes Halbertsma. Halbertsma troude op 16 maaie 1888 te Hannover mei Dorothee Auguste Marianne Schröder (1855-1939), dochter fan Heinrich Wilhelm Grosse Schröder en Johanna Wilhelmina Isermann.
Halbertsma folge nei de H.B.S in technyske oplieding yn Aken en Hannover. Nei in skoft yn tsjinst foar in oar arbeide te hawwen, fêstige er him yn 1881 as selsstannich sivyl-yngenieur. Yn dy funksje hat er in grut tal wetterliedingen en -tuorren ûntwurpen. Fan 1903 oant 1910 wie er direkteur fan de gemeentlike wetter-, gas- en elektrisiteitsbedriuwen yn Wiesbaden, fan 1910 oant 1917 wie er technysk direkteur fan de Maatskippij foar Bou en Eksploitaasje fan Gemeentebedriuwen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wettertoer Delden (boud 1894)
- Wettertoer (Ljouwert Schrans) (boud 1888, sloopt 1972)
- Wettertoer Meppel (boud 1884)
- Alde wettertoer Roermond (boud 1898, ferwoastge 1945)
- Wettertoer Bussum (1897)
- Wettertoer (Ho Chi Minhstêd) (1912)
-
Wettertoer Meppel
-
Wettertoer Roermond
-
Wettertoer Delden
-
Wettertoer Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
C.G.W.P. van der Heijden, Kleurloos, reukloos en smaakloos drinkwater, Tilburchse Histoarische Rige nr 7, Tilburch 1995 |