Gryt Doele-Bokma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gryt Doele-Bokma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Grietje Doele-Bokma
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 25 desimber 1911
berteplak Ruinen (Drinte)
stoarn 1996
stjerplak ûnbekend
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
jierren aktyf 19401996
reden
  bekendheid
Rjochtfeardige ûnder de Folken

Gryt Doele-Bokma (folút: Grietje Doele-Bokma; Ruinen, 25 desimber 1911 – ?, 1996) wie in Frysk húsfrou en de oarehelte fan 'e Fryske beweger, ûnderwizer, sjoernalist, oersetter en bestjoerder Halbe Sikkes Doele. Hja waard yn 1989 troch de Israelyske organisaasje Yad Vashem útroppen ta Rjochtfeardigen ûnder de Folken.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gryt Bokma waard yn 1911 berne yn it Drintske Ruinen as de dochter fan Pieter Bokma en Jeltsje Okkinga. Hja troude yn 1940 mei Halbe Sikkes Doele (1911-1967), dy't doe as amtner by de gemeente It Hearrenfean wurke. Mei him krige hja twa soannen, wêrûnder de lettere Fryske skriuwer en dichter Sikke Doele (1942-2002). Under de Twadde Wrâldoarloch wenne it gesin earst in jier op It Hearrenfean, mar nei't Doele yn 1941 syn baan kwytrekke om't er troch de Dútske besetter as te ûnbûchsum beskôge waard, ferfearen se nei De Himrik.

Dêr wurke Doele as fersekeringsman. Hoewol't it gesin it der krap hie, namen se yn 1944 Carolina Selina Hoogstraat, in tsienjierrich Joadsk famke, yn 'e hûs. Dy hie earder ûnderdûkt west yn Drachten, mar wie dêr net mear feilich. It famke bleau by de Doeles oant de simmer fan 1945, doe't se nei in muoike yn Amsterdam brocht waard. Hoogstraat hold oant harren dea kontakt mei de Doeles, ek nei't se nei Israel ta emigrearre wie. Doele en de frou beaën fierders ek in pear dagen beskûl oan in Joadsk jonkje.

Nei de oarloch wennen de Doeles lange tiid op it Skylge, dêr't Halbe Sikkes Doele ien fan 'e oprjochters en de earste direkteur fan 'e folkshegeskoalle Schylgeralân wie. Doele-Bokma waard widdo by it ferstjerren fan har man, yn 1967. Op 3 maaie 1989 waarden Gryt Doele-Bokma en (postúm) Halbe Sikkes Doele troch de Israelyske organisaasje Yad Vashem foar harren rol by de rêding fan Joadske bern fan 'e Holokaust erkend as Rjochtfeardigen ûnder de Folken. Gryt Doele-Bokma ferstoar yn 1996, yn 'e âlderdom fan 85 jier.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: